De Ryksfoarljochtingstsjinst, ôfkoarte ta RVD (Rijksvoorlichtingsdienst) en oprjochte yn 1934, is in Nederlânske oerheidsynstânsje dy't diel útmakket fan it ministearje fan Algemiene Saken.

Taken De RVD hat de folgjende taken: De wurdfiering fan en it foarljochtsjen oer de minister-presidint, de ministerrie en it Keninklik Hûs It beglieden fan publike optredens fan leden fan it Keninklik Hûs It foarljochtsjen oer it algemiene regearbelied en it ministearje fan Algemiene Saken De koördinaasje fan 'e ynterdepartemintale foarljochtingssaken It útfieren fan taken dy't te krijen hawwe mei kommunikaasjeadvys en publyksfoarljochting De ynformaasjefoarsjenning oer it algemiene regearbelied foar de minister-presidint en de amtlike top It ûntwikkeljen fan it ryksbrede (strategyske) belied wat oerheidskommunikaasje, fersoarging fan de ôfstimming fan it belied tusken de direksjes en foarljochting fan ministers oanbelanget It befoarderjen fan in bettere kommunikaasje fan 'e ryksoerheid mei de boarger

Organisaasje De direkteurs-generaal fan 'e RVD binne fan 1952 ôf: Gerrit Jan Lammers (1952-1968) Gijs van der Wiel (1968-1983) Hans van der Voet (1983-1995) Eef Brouwers (1995-2004) Gerard van der Wulp (2004-2008) Henk Brons (2008-2014) Stephan Schrover (2015-)

Kategory:Oerheid fan Nederlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1934