In binnensteat is in soeverein lân dat alhiel omsletten wurdt troch drûch lân of dat oan in binnensee leit dy't net direkt yn ferbining stiet mei de iepen oseaan (lykas de Kaspyske See of de Fiktoariamar). Yn it Ingelsk wurde sokke lannen landlocked neamd, dat letterlik "omsletten troch lân" betsjut, mei as suggestje dat se 'op 't slot' sitte, dat wol sizze: gjin tagong ta de see hawwe.

Binnensteaten hawwe yn 'e regel te krijen mei swierrichheden dy't oaren lannen net kenne, benammen op it mêd fan 'e hannel, dy't òf troch de loft plakfine moat, wat tige djoer is, òf fia oare lannen rinne moat, dy't foar sok hannelsguod yn 'e regel trochfierheffings oplizze. Dêrfandinne hawwe binnensteaten der histoarysk faak nei stribbe om tagong ta de see te krijen, sels as dat mank gie mei in hege priis oangeande jild, polityk kaptaal of minskelibbens. Oan 'e oare kant is it ûnder beskate omstannichheden foar binnensteaten ek mooglik om fan harren problematyske geografyske sitewaasje in foardiel te meitsjen, sa't bgl. Switserlân en Eastenryk dien hawwe, dy't gauris profitearre hawwe fan 'e neutraliteit dy't fierhinne út harren status fan binnensteat fuortkomt.

Der binne 44 algemien as ûnôfhinklike en soevereine lannen erkende binnensteaten: Afganistan Andorra Armeenje Azerbeidzjan Boerkina Faso Boerûndy Bolivia Botswana Bûtan Eastenryk Etioopje    it Fatikaan Hongarije Kazachstan Kirgyzje Laos Lesoto Lychtenstein Lúksemboarch Malawy Maly Masedoanje Moldaavje Mongoalje     Nepal   Niger Oezbekistan Paraguay Rûanda Sambia   San Marino Servje Simbabwe de Sintraal-Afrikaanske Republyk Slowakije Súd-Sûdan Swazylân    Switserlân Tadzjikistan Tsjaad Tsjechje Turkmenistan Uganda Wyt-Ruslân Dêrfan lizze der mar twa, Bolivia en Paraguay op it westlik healrûn; alle oare binnensteaten lizze yn Jeraazje en Afrika. Der binne 3 saneamde enklavelannen, dy't folslein omsletten wurde troch ien en itselde oare lân. Dat binne: it Fatikaan en San Marino (beide folslein omsletten troch Itaalje) en Lesoto (dat folslein omsletten wurdt troch Súd-Afrika). Fierders binne der 2 saneamde 'dûbele binnensteaten', dy't folslein omjûn wurde troch oare binnensteaten. Om fanút sokke lannen by see te kommen, moatte dus minimaal twa grinzen oerstutsen wurde. Hjirby giet it om Lychtenstein (dat folslein omjûn wurdt troch de binnensteaten Switserlân en Eastenryk) en Oezbekistan (dat folslein omjûn wurdt troch de binnensteaten Afganistan, Kazachstan, Kirgyzje, Tadzjikistan en Turkmenistan).

Njonken de boppeneamde 44 algemien erkende binnensteaten binne der ek noch 4 binnensteaten wêrfan't de ûnôfhinklikheid en soevereiniteit net algemien erkend wurdt. Dat binne: Kosovo Nagorno Karabach Súd-Osseesje Transnistrje

Kategory:Geografy Kategory:Polityk