Udenhausen is ien fan de tsien Ortsbezirken fan de stêd Boppard yn it Rhein-Hunsrück-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Oant de yndieling by de nije gemeente Boppard op 31 desimber 1975 wie Udenhausen in selsstannige gemeente.

Byldbepalend foar it doarp binne benammen de katolike Sint-Nikolaastsjerke, inkelde fakwurkhûzen en it âlde bakhûs, dêr't mei spesjale gelegenheden noch wol ris bôle bakt wurdt. Sûnt maaie 2007 hat it doarp ek in eigen Heimatmuseum.

Geografy Udenhausen leit súdlik fan de stêd Koblenz op de Hunsrück op in hichte fan 395 meter boppe seenivo tusken de rivieren de Ryn en de Mûzel.

Ofbylden

Kategory:Boppard Kategory:Plak yn Rynlân-Palts