Dit is de list fan keningen Kastylje. Hjirby binne sawol de hearskers oer it Keninkryk Kastylje (1065-1230) as oer de Kroan fan Kastylje (1230-1715) opnommen. Om't it Keninkryk Kastylje foarôfgeande oan syn ûnôfhinklikheid ta it Keninkryk Leön hearde, giet de telling fan 'e Kastyljaanske keningen fierder dêr't dy fan 'e Leöneeske keningen opholden is. Sa kin it dus dat de earste kening fan it ûnôfhinklike Keninkryk Kastylje Sancho II wie, en net 'Sancho I' neamd waard.

nammeregearperioadeopmerkings: 1037 – 1126 Hûs Jiménez Ferdinand I 1037 – 1065 (kening fan Leön en Kastylje, yn dy tiid ien feriene steat) Sancho II de Sterke 1065 – 1072 (de earste kening fan it ûnôfhinklike Keninkryk Kastylje) Alfûns VI de Dappere 1071 – 1109 Urraka de Dryste 1109 – 1126 1126 – 1366 Hûs Ivrea Alfûns VII 1126 – 1157 Sancho III 1157 – 1158 Alfûns VIII de Nommele 1158 – 1214 Hindrik I 1214 – 1217 Berengaria 1217 – 1217 (regearre fan juny oant en mei augustus) Ferdinand III de Hillige 1217 – 1252 (feriene yn 1230 de keninkriken Kastylje en Leön, wêrmei't in nij ryk, de Kroan fan Kastylje, ûntstie) Alfûns X de Wize 1252 – 1284 Sancho IV de Dappere 1284 – 1295 Ferdinand IV de Untbeane 1295 – 1312 Alfûns XI 1312 – 1350 Piter 1350 – 1366 (earste regearperioade) 1366 – 1367 Hûs Trastamara Hindrik II 1366 – 1367 (earste regearperioade) 1367 – 1369 Hûs Ivrea Piter 1367 – 1369 (twadde regearperioade) 1369 – 1506 Hûs Trastamara Hindrik II 1369 – 1379 (twadde regearperioade) Jehan I 1379 – 1390 Hindrik III 1390 – 1406 Jehan II 1406 – 1454 Hindrik IV de Unmachtige 1454 – 1474 Isabella I de Katolike 1474 – 1504 (regearre fan 1475 ôf tegearre mei har man Ferdinand) Ferdinand V de Katolike 1475 – 1504 (regearre tegearre mei syn frou Isabella; ek, as Ferdinand II, kening fan Aragon) Jehanna de Sljochtsinnige 1504 – 1555 (nei 1506 ferfallen ta sljochtsinnigens en inkeld noch yn namme keninginne) 1504 – 1516 Hûs Habsburch Filips I de Skiene 1506 – 1506 (regearre fan july oant septimber) Ferdinand V de Katolike 1506 – 1516 (as regint foar syn sljochtsinnige dochter Jehanna en syn minderjierrige pakesizzer Karel) Karel I 1516 – 1556 (better bekend as Karel V; fan 1516 ôf wurdt der sprutsen fan it Keninkryk Spanje, en net mear fan Kastylje) Filips II 1556 – 1598 Filips III 1598 – 1621 Filips IV 1621 – 1665 Karel II de Behekste 1665 – 1700 1700 – 1715 Hûs Boerbon Filips V 1700 – 1715 (fierde yn 1715, oan 'e ein fan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, in yngeande steatsherfoarming troch wêrby't de Kroan fan Kastylje ôfskaft waard en formeel opgie yn it Keninkryk Spanje)

Sjoch ek Keninkryk Kastylje Kroan fan Kastylje

Kategory:Kroan fan Kastylje Kategory:Skiednis fan Spanje Kastylje