Wilhelmus Johannes Maria Antonius (Willem) Asselbergs, better bekend ûnder syn skûlnamme Anton van Duinkerken (Bergen op Zoom, 2 jannewaris 1903 – Nymwegen, 27 july 1968) wie in Nederlânsk dichter, essayist, heechlearaar, redener en literatuarhistoarikus. Yn 1960 ûntfong er de Constantijn Huygenspriis en seis jier letter de P.C. Hooft-priis.

Biografy Hy ferhuze, nei't er opholden wie mei in preesteroplieding, yn 1929 nei Amsterdam en waard redakteur fan it deiblêd De Tijd. Hy waard dêr teffens de oanfierder fan de katolike jongerein dy't him ferienige hie om it letterkundich tydskrift De Gemeenschap. Van Duinkerken waard yn dy tiid ek bekend troch syn striidskriuwerij mei Menno ter Braak oer leauwe en rede, en fan syn radikale ôfwizing fan it nasjonaalsosjalisme ('Ballade van den katholiek'). Lykas Simon Vestdijk en in tal oare foaroansteande Nederlanners dy't troch de Dútske besetter fanwegen harren ynfloed as gefaarlik beskôge waarden, waard er gizele yn it kamp Sint-Michielsgestel. Hy siet dêr yn 1942 skraachwurk acht moannen. Nei de oarloch gie er fierder mei syn letterkundige en sjoernalistyke wurk. Faqn 1952 ôf oant syn dea wie er heechlearaar Nederlânske Letterkunde oan de Katolike Universiteit Nymwegen. De wize wêrop Van Duinkerken syn lêste sykbêd ferneare hat neffens Michel van der Plas (In de kou) op in protte minsken yndruk makke, foar in part troch syn myldens en op leauwe fûndearre optimisme en foar in part troch de ferskuorrende pine dy't er wolbewust trochstie.

Van Duinkerkens poëzy hat in tradisjonele foarm, in somtiids ferheljende, somstiids betogende, altyd ynhâldlike gedachterike styl, mei dêrûnder lizzend in sterke, waarme, soms wat mankelike gefoelstoan. Syn proaza wie faak essayistysk fan aard, mei in krêftige retoaryske styl, in sekere wiidweidigens en bûtengewoane leardens.

Bibliografy 1927 - Onder Gods ogen 1928 - Verdediging van carnaval 1928 - De Ravenzwarte 1929 - Hedendaagse ketterijen (fannijs útbrocht yn 1946) 1929 - Roofbouw 1929 - Vertelsel in de hut 1930 - Achter de vuurlijn 1930 - Lyrisch labyrinth 1931 - Het wereldorgel 1932 - Katholiek verzet 1932-1939 - Bloemlezing uit de katholieke poëzie van de vroegste tijden tot heden 1933 - Welaan dan, beminde gelovigen 1935 - De menschen hebben hun gebreken 1936 - Hart van Brabant 1937 - Verscheurde christenheid 1938 - Twee vierkante meter 1941 - Legende van den tijd 1941 - Nederlandsche vromen van den nieuwe tijd 1944 - Waaiend pluis 1944 - Drievuldige begroeting 1945 - Het tweede plan 1945 - Undique Carmina Sonant; twaalf vertaalde gedichten 1946 - Ascese der schoonheid 1946 - Tobias met den engel 1947 - Waarom ik zo denk... 1948 - Begrip van Rome 1949 - Antoon Coolen 1951 - Mensen en meningen 1952 - Het tijdperk der vernieuwing van de Noordnederlandse letterkunde 1955 - Over de blijvende waarde van verzetspoëzie 1957 - Beeldenspel van Nederlandse dichters 1958 - Guido Gezelle 1830-1899 1960 - Vlamingen 1962 - Verzamelde geschriften (3 dielen) 1964 - Brabantse herinneringen 1966 - Festoenen voor een kerkportaal 1967 - Gorter, Marsman, Ter Braak 1968 - De stijl van Elkerlijk 1968 - Nijmeegse colleges

Prizen thumb|Tút fan Marga Klompé by de útrikking fan de P.C. Hooft-priis 1966 1933 - C.W. van der Hoogtpriis foar Dichters der contra-Reformatie 1957 - Provinciale prijs voor schone kunsten foar 'Brabantse herinneringen', ferskynd yn it moanneblêd Roeping 1960 - Constantijn Huygenspriis 1966 - P.C. Hooft-priis foar syn heule oeuvre. 1968 - Literatuerpriis fan de gemeente Hilvarenbeek foar Nijmeegse Colleges

Keppeling om utens Biografy yn it Biografisch Woordenboek van Nederland

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1968