Consolidated Commodore 275px Rol Ferkearsfleantúch Makker Consolidated Aircraft Untwerper Isaac M. Laddon Earste flecht 28 septimber 1928 Yn tsjinst 1930 Ut tsjinst Tal makke 14 Brûkers Pan American Airways Farianten Consolidated P2Y thumb|275px|Kabine fan de Commodore De Consolidated Commodore wie in Amerikaanske fleanboat boud by Consolidated Aircraft dy't yn de jierren 30 foar passazjiersferfier brûkt waard, foaral yn it Karibysk Gebiet, troch loftfeartmaatskippijen lykas Pan American Airways

Skiednis De Commodore "Clipper", in pionier fan de lange-ôfstâns fleanmasineyndustry, ûntstie út in priisfraach fan de Marine yn de tweintiger jierren om in fleantúch te ûntwerpen dat nonstop flechten tusken it fêstelân fan de FSA en Panama, Alaska en Hawaiï útfiere koe. As antwurd op dy easken kaam Consolidated yn jannewaris 1929 mei it prototype XPY-1 Admiral, in ûntwerp fan yngenieur Isaac M. Laddonhttp://www.vectorsite.net/avmars.html. Consolidated krige it kontrakt mei de Marine lykwols net, dat gie nei de Glenn L. Martin Company. Martin makke ien prototype XP2M en boude noch njoggen P3Ms. Dy tastellen hiene wichtige feroarings ferlike mei eardere fleanboaten lykas bygelyks de Curtiss NC.

Doe't it Marinekontrakt oer gie, kaam Consolidated mei in passazjiersferzje fan de XPY-1, dy't bekend wurde soe as de Commodore. Dat tastel, in heechdekker mei in folslein metalen romp, hie plak foar 32 passazjiers en in bemanning fan trije. It maksimale tal passazjiers, ferparte oer trije kabines, koe allinne op betreklik koarte flechten meinaam wurde. Op in flecht fan 1000 milen koe de fleanboat wierskynlik mar 14 minsken meinimme, de bemanning meirekkene. De fleugel en it sturtflak wie fan in metalen frame beklaaid mei linnen sa'doe wenst wie, útsein de foarrâne dy't wol fan metaal wiene. De Commodore hie opfallende ferskillen mei de XPY-1. Sa hie er krêftiger motors, in oare rompfoarm en strukturele ferbetteringen.O'Neill "A Dream of Eagles" s. 108, 136, 206-209, 286

De XPY-1 en syn tsjinhinger, de Commodore, kinne beskôge wurde as de foargongers yn in rige fleanboatûntwerpen dy't laten ta de ferneamde Consolidated PBY Catalina.

Farianten Model 16 Oant 18 passazjiers en trije bemanningsleden. Model 16-1 Oant 22 passazjiers in bemanning fan trije. Model 16-2 Oant 30 passazjiers en in bemanning fan trije.

Technyske gegevens (Commodore 16-1)

Langte: 18,75 meter Spanwiidte; 30,48 meter Hichte: 4,78 meter Fleugeloerflak: 103 m² Gewicht leech: 4.716 kg Maks. startgewicht: 7.980 kg Motors: 2 × Pratt & Whitney Hornet stjermotors fan 575 hk it stik Prestaasjes Maks. faasje: 206 km/o Maks. fleanberik: 1.700 km Maks. fleanhichte: 3050 meter Klimfaasje: 3 m/sek Passazjiers: oant 22 Bemanning: 3

Brûkers

NYRBA-Argentina (Trimotor Safety Airways, Inc.)url=http://loudandclearisnotenought.blogspot.com.ar/2011/06/r-acwz-consolidated-16-commodore-cn-1.html SANA (Sociedad Argentina de Navegación Aérea)url=http://aviation-safety.net/database/record.php?id=19401214-0

Bahamas Airwaysurl=http://aviation-safety.net/database/types/Consolidated-16-Commodore/index

NYRBA do Brasilcite journal|magazine=Popular Aviation|date=September 1930 Panair do Brasilurl=http://panairbr.blogspot.com/2012/08/consolidated-commodore-16-pp-pao.html Brazilian Air Force (Força Aérea Brasileira)url= http://www.logbookmag.com/databases/articles.asp?ID=91&CatID=47url= http://www.airhistory.org.uk/gy/reg_PP-.htm}

China National Aviation Corporation (CNAC)url= http://www.cnac.org/aircraft16.htm

New York, Rio, and Buenos Aires Line (NYRBA) Pan American Airways Alaska Star Airlinesurl=http://www.ruudleeuw.com/qa.html

Commodore

Kategory:Fleanboat Kategory:Amerikaanske wetterfleanmasine Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1928