In dak of tek (benammen mei reid)"Tek" frysker.nl is it boppeste diel fan in gebou of in oar bouwurk (lykas in carport of in weranda), dat bedoeld is om beskutting te bieden tsjin fleanend dierte en tsjin waar (yn 't bysûnder tsjin delslach, wyn, kjeld en sinneljocht). Under de term 'dak' wurdt ornaris sawol ferstien de eigentlike ôfdekking fan in bouwurk as it ramtwurk dat dy ôfdekking ûnderstipet. It krekte arsjitektoanyske ûntwerp fan in dak ferskilt fan gebiet ta gebiet, en hinget net inkeld fan 'e yn sa'n regio tradisjonele boustyl ôf, mar wurdt ek sterk beynfloede troch de pleatslike klimatologyske omstannichheden en de beskikbere boumarialen.

Der besteane ferskate soarten dakken, dy't yn it foarste plak yndield wurde kinne nei foarm: koepeldak: in dak yn 'e foarm fan in heale bol plat dak: in horizontaal ôfplatte dak, dat faak berikber is fia in treppen en yn gebrûk is foar it drûgjen fan wask, sinnebaaien of it oanlizzen fan in daktún sealdak (of seal): in dak besteande út twa skeane flakken (of dakskylden), dy't yn 'e midden op it heechste punt (in line: de naal) gearkomme skylddak (of wulfdak, wolvedak): in dak besteande út fjouwer skeane flakken (of dakskylden), dy't op it heechste punt gearkomme Dakken kinne ek yndield wurde nei dakbedekkingsmateriaal: laaien dak panne dak (of pannedak) reidtek (of tekdak) seadden dak (of beseadde dak) strietek

Underdielen fan in dak kinne wêze: daklaai: soarte dakbedekking fan natoerstien dakpanne: bakte klaaiene soarte fan dakbedekking dakrút: in rút yn it dak dakruter: in lyts spits tuorke dat oerskrank op 'e naal stiet daksgoate: in langwerpige bak oan 'e ûnderrâne fan in skean dak dêr't it reinwetter yn opfongen wurdt foar ôffier dakskyld: it skeane sydflak fan in dak húskiste: in lûk yn it dak fan in pleats, ta fentilaasje kajút: út it skeane dakflak stykjend dakfinster koepel: healrûn, bolfoarmich dak naal (of naald, naad): de line dêr't twa dakskylden op it heechste punt gearkomme oes: de ûnderste dakrâne, by de daksgoate panheak: heakje om in dakpanne mei fêst te setten panlatte: ûnderdiel fan it ramt fan latten dêr't de dakbedekking op rêst wjerljochtlieder: in apparaat dat op it dak oanbrocht wurdt om wjerljochtynslaggen fuort te lieden tsjinkape (of jinkape): it dak boppe it bûthús fan in pleats, mei it skuordak yn in hoeke gearrinnend ûleboerd: trijehoekich slútstik oan 'e naal fan it dak fan in pleats ûndertek: de ûnderste laach fan it tekreid op it dak wynoes: de wynrâne wulfsein: it foar- en efterskyld fan in skylddak

Kategory:Boukundich ûnderdiel