Lord of Emperors is in fantasyroman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "Hear fan Keizers", wêrmei't ferwiisd wurdt nei God (of yn dit ferhaal Jad). It boek heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet yn in wrâld dy't basearre is op it Middellânske-Seegebiet út 'e sechsde iuw, yn 'e tiid fan it hichtepunt fan it Byzantynske Ryk ûnder keizer Justinianus I.

Lord of Emperors foarmet it twadde diel fan 'e duology The Sarantine Mosaic, en is it ferfolch of Sailing to Sarantium. It boek fertelt it ferhaal fan Caius Crispus, in mozayklizzer út Varena, dy't troch keizer Valerius II nei Sarantium ûntbean wurdt en dêr oan kop en earen ta behelle rekket yn 'e yntriizjes fan it Keizerlik Hôf. Lord of Emperors waard yn 2000 publisearre troch útjouwerij Simon & Schuster, en kaam neitiid út yn ferskate werprintingen. It boek waard yn 2001 nominearre foar de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste roman. __TOC__ Ynhâld (Sjoch hjirre foar wat foarôfgie.)

Rustem fan Kerakek, in dokter út in lyts plakje yn 'e woastyn, wurdt ûntbean troch Shirvan, de kening der keningen fan Bassania (ynspirearre op it Perzyske Ryk fan de Sassaniden), nei't dy slim ferwûne rekke is by in moardoanslach. Rustem wit it libben fan 'e kening te rêden en boppedat efterhellet er wa fan 'e soannen fan Shirvan oft efter de oanslach sit, wêrnei't dyjinge, prins Murash, troch Vinaszh, soan fan Vinaszh, de kommandant fan it fort yn Kerakek, deade wurdt as er syn heit yn 'e sikekeamer mei in mês te liif wol.

Neitiid wurdt Rustem troch de kening foar syn tsjinsten beleanne mei ferheffing út 'e kaste fan 'e krigers nei de kaste fan 'e preesters, sadat er de liifdokter fan 'e kening der keningen wurde en oan it Keninklik Hôf yn 'e haadstêd Kabadh tsjinje kin. Dêrfoar moat er fansels wol ien fan syn beide froulju, Jarita, dy't fan 'e kaste fan 'e gewoane lju is, ferstjitte, en teffens de dochter dy't er mei har hat. Syn oare frou, Katyun, en harren soan, Shaski, binne fan 'e kaste fan 'e krigers en kinne mei him ferheft wurde. Rustem hat him dêr mar nei te skikken, want it wurd fan 'e kening der keningen is yn Bassania letterlik de wet. Op befel fan Shirvan reizget er foarôfgeande oan syn fêstiging yn Kabadh nei it westen ta, nei Sarantium (basearre op Byzantium). Mei't dokters frij reizgje kinne en yn alle maatskiplike fermiddens komme, kin er dêr as spion foar Shirvan fungearje, want de kening der keningen is der alhiel net gerêst op wat de keizer Valerius II (ynspirearre op Justinianus I) fan it Sarantynske Ryk (basearre op it Byzantynske Ryk) útfynt.

Underwilens set yn Sarantium de mozayklizzer Caius Crispus fan Varena, Crispin foar syn freonen, syn wurk fuort oan it plafon fan 'e koepel fan it Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad (basearre op 'e Aya Sofia). Dêr is er yn opdracht fan keizer Valerius II in selsûntwurpen ôfbylding oan it meitsjen dy't net inkeld Jad (ynspirearre op God) en de stêden Sarantium en Rhodias (basearre op Rome) omfiemet, mar ek syn eigen, oan 'e pest ferstoarne frou en dochters, de meganyske mar besielde fûgel Linon en de zubir, de reuseftige bizon dy't in manifestaasje is fan 'e heidenske god Ludan fan it Wâld.

Ut Varena (basearre op Ravenna), yn Batiara (Itaalje), is noch immen ûnderweis nei Sarantium. It is Pardos, in eardere learling fan Crispin, dy't út syn bertestêd ôfset is fuort nei de moardpartij yn it hillichdom fan Varena troch eallju dy't keninginne Gisel (basearre op Amalasunta) fan 'e Antae (ynspirearre troch de Ostrogoaten) ôfsette woene. (De keninginne bliek lykwols nei Sarantium ta ûntkomd te wêzen.) Underweis hat Pardos yn 'e Sarantynske provinsje Sauradia in healjier stilholden om it mozaykwurk fan in oerâlde kapel op te knappen, deselde kapel dêr't Crispin sels ûnderweis nei Sarantium sa fan ûnder de yndruk wie.

Yn Sarantium hat Crispin syn maat Carullus, in ofsier yn it Sarantynske leger, de troch Crispin fan 'e dea rêden en frijkochte eardere slavinne Kasia frege om mei him te trouwen, en hja hat him tawurd jûn. Op 'e dei fan 'e brulloft arrivearje sawol Rustem fan Kerakek as Pardos yn 'e stêd. Rustem wurdt yn in efterôfstrjitsje by de haven oanfallen troch in groepke oanhingers fan 'e Griene partij (ien fan 'e beide partijskippen yn it weinmennen, in sport dy't frijwol alle fasetten fan it libben yn Sarantium behearsket), wêrby't syn 'tsjinstfeint' Nishik (eins in Bassanidysk soldaat) fermoarde wurdt. Rustem sels wurdt rêden troch de tuskenkomst fan in oare reizger, dat Pardos blykt te wêzen, mar hja moatte tegearre flechtsje as de oanfallers fersterking krije fan oaren. Nei in lange efterfolging sykje de beide útlanners beskûl yn it Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad, dêr't se Crispin treffe, dy't al te let is foar de brulloft. Om 'e beide mannen te beskermjen, nimt Crispin harren mei te brulloftsjen.

It houlik fan 'e ofsier Carullus en de eardere slavinne Kasia is in sosjale gelegenheid foar de hegerein fan Sarantium wurden trochdat Kasia foarôfgeande oan it houlik ûnderbrocht is by Shirin, de wichtichste dûnseresse fan 'e Griene partij, oan wa't Crispin kunde hie troch har heit, de algemist Zoticus. Shirin is de meast ferneamde dûnseresse fan har tiid, en har is sels it rjocht skonken om itselde parfum te dragen as keizerinne Alixana (basearre op Teodoara), dat fierders eltsenien op it strangst ferbean is om te brûken. Fierders hat Kasia ek kunde oan Strumosus fan Amoria, de briljante masterkok fan 'e Blauwe partij, dy't in swak foar har hat en dêrom de catering fan 'e brulloft op him nommen hat. Sa kin it dat Rustem op 'e brulloft yn Cleander Bonosus, de soan fan Plautus Bonosus, de foarsitter fan 'e Sarantynske Senaat, dy't ek oanwêzich is, de oanfierder fan 'e oerfallers werom ken dy't Nishik fermoarde hawwe en himsels en Pardos troch de hiele stêd efterneisitten hawwe.

Om't er wol foar it ferstân hat dat Cleander fanwegen syn famyljekonneksjes hoe dan ek syn rjochtlike straf ûntrinne sil, beslút Rustem om safolle mooglik profyt út 'e saak te heljen troch by Plautus Bonosus tsjin it hâlden en dragen fan syn soan te protestearjen. De senator is alhiel feralterearre oer de dieden fan Cleander, en biedt de Bassanidyske dokter by wize fan kompinsaasje alle help en meiwurking oan. Sadwaande kin Rustem him nei wenjen sette yn it twadde hûs fan 'e Bonosus-famylje, dêr't er ûnder beskerming fan Plautus Bonosus syn wurk as dokter opfetsje kin. De oare deis stiet dêr fuort al in rige pasjinten foar de doar, wêrûnder ferskate bernleaze froulju mei in bernewinsk, dy't tsjin wanhope yn hoopje dat in nije dokter harren wól helpe kin, mar dat is foar Rustem neat ûngewoans. Ferfelender is it as der in pear dagen letter in Bassanidyske keapman by him komt, dy't him in boadskip oerbringt fan 'e kening der keningen: Shirvan wol no dat Rustem yn Sarantium in frou foar him fermoardet, nimmen minder as Gisel, de keninginne fan 'e Antae. Rustem fynt it in idioate opdracht, want – noch los fan it feit dat hy in genêzer is ynstee fan in moardner – hoe ferwachtet de kening der keningen eins dat in sljochtwei dokter tagong kriget ta in keninginne?

De jûns fan 'e dei fan 'e brulloft hat Gisel einlings en te'n lêsten in audiïnsje by de keizer en keizerinne, wêrby't Valerius II fertelt dat er fan doel is om in oarloch te begjinnen tsjin 'e usurpators dy't yn ôfwêzichheid fan Gisel de troan fan it keninkryk fan 'e Antae grypt hawwe. Sa wol er Batiara by it Sarantynske Ryk foegje, sadat it âlde Rhodiaanske Ryk (basearre op it Romeinske Ryk) wer ien gehiel wurdt. Dyselde jûns falt it troch omstannichheden oan Crispin ta om 'e dronken Pertennius fan Eubulus thús te bringen, in histoarikus dy't teffens de siktaris is fan Leontes, de keizerlike strategos. Yn Pertennius syn hûs falt Crispin syn each by in taffelfol papierren op in beskriuwing wêryn't Pertennius op 'e meast útsochte wize it keizerspear Valerius en Alixana swartmakket. Crispin stiet yn bestân om de man oan te jaan, mar beslút him úteinlik net mei de saak te bemuoien.

Wer bûtendoar wurdt er wonken troch in tsjinstfaam, dy't him yn it oangrinzgjende hûs bringt, dat fan 'e strategos Leontes. Dêr wurdt Crispin nei de sliepkeamer fan Styliane Daleina ta brocht, Leontes syn frou. Diskear lit Crispin him troch har ferliede en se hawwe seksuële omgong. Hja warskôget him foar de oankommende ynvaazje fan syn heitelân en drukt him jitris op it hert om net tefolle hechte te reitsjen oan syn wurk yn it Hillichdom fan 'e Godlike Wysheid fan Jad. Teffens freget se him om oan har te tinken sa't se op dat stuit is, lykfolwat se letter ek dwaan sil. As Leontes thúskomt, pykt Crispin út troch it finster.

Dyselde nachts wol Scortius, de bêste weinmenner fan Sarantium, dy't riidt foar de Blauwe partij, syn mêtresse besykje, dat nimmen oars blykt te wêzen as Thenaïs, de twadde en folle jongere frou fan Plautus Bonosus. Ek hy komt fan 'e brulloft fan Carullus en Kasia, en hy ferwachtet dat Plautus nei ôfrin fan it feest nei syn twadde hûs gien is, dat er brûkt om mei jongemannen om te slaan. Mar trochdat de Bassanidyske dokter dêr no tahâldt, is Plautus Bonosus gewoan thús, mei as gefolch dat Scortius dwerseide wurdt yn syn oanstriid om Thenaïs te besykjen. Dêrop swalket er in hoart troch de stêd, om úteinlik by de wente fan Shirin, de dûnseresse fan 'e Griene partij, te bedarjen. Ympulsyf klimt er dêr troch it finster nei binnen ta, wêrnei't in petear einiget yn in aventoer by Shirin op bêd. As Scortius tsjin 'e moarnsdage har hûs ferlit, wurdt er op 'e strjitte ynsletten troch in kloft fanatike oanhingers fan 'e Griene partij, oanfierd troch Cleander Bonosus, dy't hertstochtlik fereale is op Shirin. Scortius wurdt oanfallen en rint in pear brutsen ribben en in stekwûne yn deselde side op. As Cleander lykwols foar it ferstân kriget wa't er is, bringt er de slim ferwûne weinmenner nei it twadde hûs fan syn heit ta, dêr't Rustem fan Kerakek fan bêd ôf bonsjoerd wurdt om Scortius syn libben te rêden.

Neitiid betteret Scortius stadichoan op ûnder de fersoarging fan Rustem. Hy ferbliuwt yn itselde hûs dêr't de dokter him nei wenjen set hat, en frijwol nimmen yn 'e stêd wit wêr't er is of wat him mankearret. Syn ôfwêzigens soarget foar grutte betizing as it nije weinmennerijseizoen in wike letter begjint. De jonge Taras fan Megarium, dy't ûnder it winterskoft troch de Griene partij ôftanke is yn ruil foar in hynder, mar waans kwaliteiten troch de Blauwe partij erkend wurde, moat no as nijynkommeling de ear fan 'e Blauwen ferdigenje as harren earste weinmenner. It ûntbrekt him lykwols oan selsfertrouwen, en hoewol't er syn uterste bêst docht, kin er it net hâlde tsjin 'e bolbjirkene Crescens fan Sarnica, de earste weinmenner fan 'e Grienen.

Op in dei in pear wike nei de brulloft stiet Crispin op it punt om yn it mozayk yn it Hillichdom fan 'e Godlike Wysheid fan Jad oan 'e ôfbyldings fan syn beide deade dochterkes te begjinnen, as keizerinne Alixana yn it hillichdom komt en him meinimt foar in boattocht op see. It doel is sabeare om dolfinen te besjen, dêr't se in mozayk fan hawwe wol yn har priveefertrekken yn it Keizerlik Paleis, ek al hawwe dolfinen yn it jaddisme (basearre op it kristendom) ketterske konnotaasjes. It wiere doel is lykwols dat de keizerinne it eilân besykje wol dêr't Lecanus Daleinus finzen holden wurdt, eat dêr't se sa tsjinop sjocht, dat se immen by har hawwe wol as se it docht.