Sibbel fan De Ryp is in gedicht en folksferske fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Sibbel fan De Ryp ferhellet oer in kreaze jongfaam fan De Ryp (in âlde beneaming foar Dronryp), dy't út te reedriden giet. Elts wol wol mei har, mar hja hat har hert al ferjûn, dat it kin neat mear wurde.

Tekst Sibbel fan De Ryp Sibbel fan De Ryp stiet op 't skerp; Sil ride. Wol ris nei Harns op redens ta; Lit glide! Allinne ride, En noait net glide Mei frjemd folk wol hja. Traldra. Is Sibbel nin tsjep faam? seit sy; Wa bliuwt der in tsjep faam mei my?

Dêr tsjen de keaplju op har ta Mei heakken. "Moai famke," sizze sy, "ryd net Yn wjekken." Mar hja oan 't rekken Docht lange skekken. Neat te keap! seit hja. Traldra. Myn waren binne te djoer foar jy; Siik yn 'e stêd jins kreammerij.

't Studintsje wonk te Frjentsjer my Woe patsje. Lei sêftkes om myn hals syn hân, Sei: "Skatsje!" Meist my net patsje, Al seiste, skatsje Feint, studearje do! Traldra. Mar Sibbel hat nin boekje foar dy: De flinkste faam yn 't gea is sy!Is Sibbel fan de Ryp nin tas?tas = "flink jong frommes" Lit saaie! Mei my lei mannich hearke op, Woe aaie. Meist my wol flaaie, Mar 't kin net aaie. Hearke, hannen thús! Traldra. Sibbel is in flink kant faam, seit hja; Wol hearehân net oan har ha.

Hâldt Sibbel fan De Ryp nin streek Yn 't riden? O! Ja, as sy mei har leaf feint Mei glide. Dan kin 'k wol ride, En lit my glide Yn syn earmen. Traldra. Bin 'k net in rappe faam op it iis? Mar wa wol ride mei in biis?

Is Sibbel net foar har leaf feint Allinne? Hy is in boer, en ik wurd syn Boerinne. Ik wol him minne, En lit se rinne Dy't my sa aaikje. Traldra. Bin 'k net in echte faam fan 't lân? In boer jou ik myn hert ta pân.

Kategory:Literêr wurk fan de bruorren Halbertsma Kategory:Frysktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1829 Kategory:Frysk folksferske Kategory:Frysktalich liet Kategory:Dronryp