Guy Gavriel Kay (Weyburn (Saskatchewan), 7 novimber 1954) is in Kanadeesk skriuwer en dichter, dy't him benammen taleit op it skriuwen fan romans fan it sjenre fan 'e fantasy. Nettsjinsteande syn eigen útsprutsen foarkar om sjenreklassifikaasjes te mijen, is er dêrby fral ferneamd wurden om syn histoaryske fantasy, wêrby't er û.m. fuortborduerret op 'e skiednis fan it Byzantynske Ryk, de Spaanske Reconquista, it Angelsaksyske Ingelân fan Alfred de Grutte en de Sineeske Tang-dynasty. Foarôfgeande oan syn eigen karriêre as skriuwer wie Kay as redakteur belutsen by postume útjeften fan it wurk fan 'e grutte Ingelske fantasy-auteur J.R.R. Tolkien.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Kay waard yn 1954 berne yn Weyburn, yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, mar groeide op yn Winnipeg, de haadstêd fan 'e oanbuorjende provinsje Manitoba. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er filosofy oan 'e Universiteit fan Manitoba. Doe't Christopher Tolkien ferlet hie fan in assistint by it redigearjen fan it noch net útjûne wurk fan syn heit, de ferneamde Ingelske fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien silger, keas er foar Kay. Dy ferfear dêrop yn 1974 nei Oxford ta, en wie as redakteur behelle yn it reemeitsjen foar publikaasje fan wat The Silmarillion waard.

Karriêre as jurist Yn 1975 kearde Kay werom nei Kanada, dêr't er foar abbekaat learde oan 'e Universiteit fan Toronto. Nei it beheljen fan syn masterskip yn 'e rjochten, waard er yn 1981 talitten ta de oarder fan abbekaten fan Ontario. Neitiid fûn Kay wurk by de Kanadeeske steatsomrop Canadian Broadcasting Corporation (CBC), en waard er redakteur en assistint-produsint fan it radioprogramma oer wet en rjocht The Scales of Justice. Yn 1985 waard him foar dat wurk de Scales of Justice Award takend troch de Canadian Law Reform Commission, foar de bêste berjochtjouwing troch de media oer in juridyske kwestje.

Skriuwkarriêre Underwilens wie Kay úteinset mei syn karriêre as skriuwer. Syn earste wurk wie de trilogy The Fionavar Tapestry, in miks fan urban fantasy en hege fantasy dy't sterk op it wurk fan Tolkien linet. Yn 1984 kaam it earste diel út, dat as titel The Summer Tree hie. Dêryn waard de lêzer yn 'e kunde brocht mei fiif jonge minsken út ús wrâld, dy't út Toronto wei nei in parallelle wrâld reizgje en dêr oan kop en earen ta belutsen reitsje by in striid tusken goed en kwea. It twadde diel wie The Wandering Fire (1986), dat bekroane waard mei in Prix Aurora, en de trilogy einige mei The Darkest Road (1986).

Yn it grutste part fan syn lettere wurk soe Kay syn ferhalen hielendal yn in selsbetochte wrâld spylje litte. Nettsjinsteande syn eigen útsprutsen foarkar om sjenreklassifikaasjes te mijen, kinne dy boeken dúdlik yndield wurde by it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy, mei't de skriuwer dêryn in ôfspegeling jout fan beskate perioaden út 'e skiednis fan ús eigen wrâld sûnder dy as sadanich te beneamen. De oerienkomsten binne lykwols oerdúdlik, en boppedat hat Kay nea in geheim makke fan syn boarnen fan ynspiraasje.

Yn 1990 publisearre er syn fjirde roman, Tigana, in op himsels steand fantasywurk dat yn in lân spilet dat sterk de sfear en kultuer fan it Itaalje út 'e Renêssânse opropt. Dit boek waard nominearre foar de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste roman. A Song for Arbonne (1992), dat ek alhiel op himsels stiet, is winliken in werjefte (en oanpassing) fan it hichtepunt fan 'e kultuer fan 'e Provâns út 'e Hege Midsiuwen en de Albiginzyske Krústocht (tsjin 'e kataren) dy't oan dy kultuer in ein oan makke. Foar dit wurk krige Kay syn twadde Prix Aurora.

Mei The Lions of Al-Rassan begûn Kay yn 1995 in rige romans dy't wol op harsels stiene, mar yn in mienskiplike wrâld spylje, dat in alternative ferzje fan ús eigen wrâld is. Sa is The Lions of Al-Rassan basearre op 'e Reconquista fan Spanje troch de kristenen op 'e moslims yn 'e Midsiuwen. The Sarantine Mosaic is in duology fan twa boeken: Sailing to Sarantium (1998) en Lord of Emperors (2000). Dêryn beskriuwt Kay it hichtepunt fan in ryk dat ynspirearre is troch it Byzantynske Ryk út 'e tiid fan 'e keizer Justinianus I. Beide dielen waarden nominearre foar in World Fantasy Award. The Last Light of the Sun (2004) spile ek wer dizze selde wrâld, en dêryn beskreau Kay in alternative ferzje fan it Angelsaksyske Ingelân út 'e tiid fan kening Alfred de Grutte.

Ysabel, út 2007, wie in hiel oar boek, ien fan it urban fantasy-sjenre dy't yn ús wrâld spilet. It ferhaal giet oer in opslûpen jonge dy't yn 'e Provâns yn oanrekking komt mei figueren út it fiere ferline. Yn 'e tekst wurdt dit wurk ferbûn mei The Fionavar Tapestry, mar dy bân stelt net folle foar en is boppedat ek net wichtich foar de plot. Mei Ysabel wûn Kay sawol de White Pine Award fan 2007 as de World Fantasy Award foar bêste roman fan 2008. Ek waard it boek nominearre foar in Mythopoeic Award yn 'e kategory bêste literatuer foar folwoeksenen.

Yn 2011 waard Kay fannijs nominearre foar in Mythopoeic Award, en teffens foar de fjirde kear foar in World Fantasy Award, foar de roman Under Heaven (2010). Dat ferhaal is basearre op 'e achtste-iuwske Tang-dynasty yn Sina en de foarfallen dy't oanlieding joegen ta de An Shi-opstân. River of Stars, út 2013, kin hiel dizenich as in ferfolch op Under Heaven beskôge wurde, mei't it yn deselde wrâld spilet (mar iuwen letter) en ynspirearre is troch de foarfallen om 'e Jin-Song-oarloggen hinne, ûnder de Sineeske Song-dynasty út 'e tolfde iuw. Yn 2016 folge Children of Earth and Sky, dat Kay basearre op it Kroaasje út 'e sechstjinde iuw.

Ein 2016 hie Guy Gavriel Kay in oeuvre fan trettjin romans op syn namme stean. Dêropta hat er yn 2003 in dichtbondel publisearre, mei as titel Beyond This Dark House. Syn wurk is yn mear as fiifentweintich ûnderskate talen oerset, wêrûnder it Nederlânsk. Yn 2014 waard Kay beneamd yn 'e Oarder fan Kanada "foar syn bydragen op it mêd fan 'e spekulative fiksje as in ynternasjonaal fierd auteur."

Wurk The Fionavar Tapestry-trilogy 1984 – The Summer Tree Nederlânske oersetting: De Zomerboom (fert. Renée C. Vink, 1989) 1986 – The Wandering Fire Nederlânske oersetting: Het Zwervend Vuur (fert. Renée C. Vink, 1990) 1986 – The Darkest Road Nederlânske oersetting: De Donkerste Weg (fert. Renée C. Vink, 1990) yn in mienskiplike wrâld 1995 – The Lions of Al-Rassan The Sarantine Mosaic-duology 1998 – Sailing to Sarantium 2000 – Lord of Emperors 2004 – The Last Light of the Sun 2010 – Under Heaven 2013 – River of Stars 2016 – Children of Earth and Sky 2019 – A Brightness Long Ago 2022 – All the Seas of the World op harsels steande wurken 1990 – Tigana Nederlânske oersetting: Tigana (fert. Renée C. Vink, 1991; werpr. 2001) 1992 – A Song for Arbonne Nederlânske oersetting: Een Lied voor Arbonne (fert. Renée C. Vink, 1993; werpr. 2001 as Een Lofzang voor Arbonne) 2003 – Beyond This Dark House (dichtbondel) 2007 – Ysabel Nederlânske oersetting: Ysabel (fert. Renée C. Vink, 2009)

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar1985 Scales of Justice Award (fan 'e Canadian Law Reform Commission)wûnbêste mediaberjochtjouwing oer in juridyske kwestjeSecond Time Around1987 Prix Aurorawûnbêste Ingelsktalige romanThe Wandering Fire Casper Awardwûnbêste spekulative fiksjeThe Wandering Fire1991 World Fantasy Awardnominearrebêste romanTigana1993 Prix Aurorawûnbêste Ingelsktalige romanA Song for Arbonne1999 World Fantasy Awardnominearrebêste romanSailing to Sarantium2001 World Fantasy Awardnominearrebêste romanLord of Emperors2005 Geffen Awardnominearrebêste oersetting yn it HebriuwskThe Lions of Al-Rassan Sunburst Awardnominearren.f.t.The Last Light of the Sun2007 White Pine Awardtwadde plakn.f.t.Ysabel2008 Mythopoeic Awardnominearrebêste literatuer foar folwoeksenenYsabel World Fantasy Awardwûnbêste romanYsabel2011 IMPAC/Dublin Literary Prizenominearren.f.t.Under Heaven Mythopoeic Awardnominearrebêste literatuer foar folwoeksenenUnder Heaven Sunburst Awardwûnn.f.t.Under Heaven World Fantasy Awardnominearrebêste romanUnder Heaven

Keppelings om utens Offisjele webside fan Guy Gavriel Kay

Kategory:Kanadeesk abbekaat Kategory:Kanadeesk boekeredakteur Kategory:Kanadeesk romanskriuwer Kategory:Kanadeesk dichter Kategory:Kanadeesk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Tolkien Kategory:Persoan berne yn 1954