It Point Grondine Reservaat 3 (Ingelsk: Point Grondine 3 Reserve) is in Yndianereservaat dat oan 'e noardkust fan 'e Hueronmar leit, yn it distrikt Sudbury, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It hat in oerflak fan 139,0 km², mar it is ûndúdlik hoefolle ynwenners oft der binne.

It Point Grondine Reservaat waard yn 1850 oprjochte ûnder de kêsten fan it Robinson-ferdrach fan de Hueronmar, foar de Ottawa, Odjibwe en Potawatomy. Yn 1968 kaam it yn 'e hannen fan 'e Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje, doe't de Point Grondine-troep mei twa oare Yndiaanske troepen bestjoerlik opgie yn dy nije organisaasje.

Keppelings om utens ● Offisjele webside fan 'e Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje ● Profyl fan it Point Grondine Reservaat 3 op 'e webside fan Indigenous and Northern Affairs Canada

Kategory:Ottawa-reservaat Kategory:Odjibwe-reservaat Kategory:Potawatomy-reservaat Kategory:Yndianereservaat yn Ontario Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1850