Geertruida Hendrika (Riek) Schagen (Amersfoart, 15 novimber 1913 - Vorden, 14 july 2008) wie in Nederlânsk aktrise en skilderes. Se is nei alle wierskyn it meast bekend fan har rol as Saartje yn de telefyzjerige Swiebertje, dêr't hja tsien jier yn meidie.

Biografy Karriêre Riek Schagen kaam as tsjinstfaam by Albert van Dalsum en krige toaniellessen fan him. Se debutearre yn 1940 by syn selskip Studio yn it stik Eindexamen. Yn ’e oarlochsjierren wie se húshâldster by fersetsstrider Popke Sjoerds Bakker (1912-1945) oan de Singel yn Amsterdam en krige se in rol yn ’t fersetswurk. Neist har wurk yn it teäter hat se fan 1955 ôf meidien oan in grut tal telefyzjeproduksjes. Yn 1955 makke Schagen har filmdebút yn Ciske de Rat as muoike Jans. Dêrnei spile se yn tal fan film- en telefyzjeproduksjes, dêr't Fanfare fan Bert Haanstra, De Overval en De kleine waarheid ûnder wiene.

Yn 1965 kaam Schagen by de cast fan de populêre telefyzjesearje Swiebertje en spile dêryn de rol fan húshâldster Saartje, as opfolgster fan ûnder oaren Annie Leenders en Jetty Cantor. Ek nei't de searje yn 1975 stoppe wie, makke Schagen yn dy rol fan húshâldster noch geregeldwei reklamespotsjes foar ûnder oaren Sorbo. Har lêste rol hie se yn de jeugdsearje Thomas en Senior út 1985 en yn it ferfolch, Thomas en Senior op het spoor van Brute Berend út 1988; se spile dêryn de beppe fan Thomas. Yn 2007 wie se noch as Saartje te gast yn it programma Mooi! Weer De Leeuw fan Paul de Leeuw; it wie har lêste telefyzjeoptreden.

Schagen ûntwurp kostúms en har namme krige de lêste jierren ek klank as skilderes. Se hie har eigen eksposysjeromte mei de namme "GaleRiek". Totaal hat hja mear as 1000 skilderijen makke.

Se stoar yn de âldens fan 94 jier yn fersoargingshûs De Wehme yn har wenplak Vorden. Har jiske is byset op it Algemien begraafplak dêre.

Priveelibben Schagen wie boaske oan filosoof, ekonoom en keunsthistoarikus Bert Westermann, soan fan skilder Gerard Westermann, en wenne yn Vorden. Riek Schagen hie gereld eksposysjes yn it lân.

Filmografy

1955 - Ciske de Rat - Muoike Jans 1958 - Fanfare - Aaltje 1962 - De Overval - Mem fan Wim 1963 - De Duivelsgrot - Húshâldster Hilda (1963-1964) 1965 - Swiebertje - Saartje (1965-1975) 1970 - De kleine waarheid - Sien Eenenaam 1972 - The Little Ark - Frou Brodfelder 1972 - Het meisje met de blauwe hoed 1975 - Keetje Tippel 1980 - Pipo de clown yn West Best-moeders ugh 1985 - Thomas en Senior - Beppe fan Thomas 1986 - Vroeger kon je lachen - Swijende frou 1988 - Thomas en Senior/Thomas en Senior en het spoor van Brute Berend - Beppe fan Thomas

Harkspul 1986 - De ronde van '43'' - Frou Co

Keppeling om utens Riek Schagen yn de IMDb

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 2008