Hendrik Groen is in Nederlânsk skriuwer. Hy is de auteur fan it yn 2014 ferskynde boek Pogingen iets van het leven te maken: Het geheime dagboek van Hendrik Groen, 83¼ jaar. Dat boek waard yn 2016 bekroand mei de Publykspriis foar it Nederlânske Boek. It ferfolch Zolang er Leven is: Het nieuwe geheime dagboek van Hendrik Groen, 85 jaar ferskynde yn 2016.
Hendrik Groen is in pseudonym fan skriuwer Peter de Smet. NRC Handelsblad publisearre yn april 2016 in artikel oer in man dy't him efter it pseudonym ferskûlje soe. (26 april 2016) Peter de Smet is Hendrik Groen. NRC De Smet ûntkende ynearsten dat er de skriuwer wie.
De Publykspriis foar it Nederlânske Boek waard troch de skriuwer net persoanlik ophelle. Yn 2018 wûn ek syn twadde boek Zolang er leven is de NS Publykspriis. De priis waard yn ûntfangst naam troch de akteur Kees Hulst.
Ferfilming Yn 2017 waarden de boeken ferfilme en troch Omrop MAX as de telefyzjesearje "It geheime deiboek fan Hendrik Groen" útstjoerd, mei Kees Hulst yn de rol fan Hendrik Groen. Senarioskriuwer Martin van Waardenberg befêstige opnij dat De Smet de man achter it pseudonym wie. Yn 2017 waard ek in toanielbewurking ûnder rezjy fan Gijs de Lange op 'e planken brocht. Beau Schneider spile de rol fan Hendrik Groen. Yn 2019 folge in twadde telefyzjesearje by omrop MAX, It geheime deiboek fan Hendrik Groen, Zolang er leven is.
Bibliografy 2014 - Pogingen iets van het leven te maken: Het geheime dagboek van Hendrik Groen, 83¼ jaar 2016 - Zolang er leven is: Het nieuwe geheime dagboek van Hendrik Groen, 85 jaar 2018 - Leven en laten leven 2019 - Een kleine verrassing 2020 - Opgewekt naar de eindstreep: Het laatste geheime dagboek van Hendrik Groen, 90 jaar 2021 - Rust en Vreugd
Kategory:Nederlânsk deiboekskriuwer Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw