George Benjamin (Londen, 31 jannewaris 1960) is in Ingelsk komponist fan (moderne) klassike muzyk. Njonke dat is er ek dirigint, pianist en learaar. Hij wurdt beskôge as ien fan de wichtichste learlingen fan Olivier Messiaen, by wa't er yn de jierren 70 studearre oan it konservatoarium fan Parys, it Conservatoire national supérieur de musique.

Al yn 1980 waard in komposysje fan him útfierd op de ferneamde Proms yn Londen. Hy is âld-studint fan it Royal College of Music yn Londen. Sûnt 2001 is er self learaar komposysje oan it King's College te Londen. Hy treedt ek gereldwei op as dirigint fan it "London Sinfonietta"-orkest.

Wurk (in kar) Opera "Into the little hill" (2006) "Written on skin" (2012)

Foar orkest "Ringed by the Flat Horizon", 1979-80 "Three Inventions for Chamber Orchestra", 1993-95 "Dance Figures", 2004

Keamermuzyk Fioelsonate 1976-77 , pianosonate (1977-78) "Sortilèges", foar piano 1981 In oktet mei aparte besetting: fluit (+ pikkolo), klarinet, fioele, altfioele, sello, twa bassen, in selesta en slachwurk, 1978

Teffens skreau er ek koarmuzyk en (moderne) dûnsmuzyk, ûnder mear foar Rosas fan Anne Teresa De Keersmaeker.

Prizen en earbewizen 1996: Chevalier yn de Frânske Ordre des Arts et des Lettres 2001: Arnold Schönbergpriis 2010: Commander yn de Most Excellent Order of the British Empire (CBE) 2017: Knight Bachelor, "Sir" 2017: Lid fan de Bayerische Akademie der Schönen Künste 2023: Ernst von Siemens Muzykprijsi

Keppeling om utens George Benjamin op it webstee Faber Music

Kategory:Ingelsk komponist Kategory:Ingelsk dirigint Kategory:Ingelsk pianist Kategory:Ingelsk muzykpedagooch Kategory:Persoan berne yn 1960