Hendrikus Magdalenus (Dick) Bruna (Utert, 23 augustus 1927 – dêre, 16 febrewaris 2017) wie in Nederlânsk grafysk ûntwerper, tekener en skriuwer fan berneboeken. Hy waard wrâldferneamd mei syn berneboeken oer Nijntje; Bruna hat mei-inoar 124 boekjes oer de knyn makke. Ek is er bekend fan de omslaggen fan de pocketboekrige Zwarte beertjes, dêr’t ûnder oaren it wurk fan ‘e Fryske detectiveskriuwer Havank yn útjûn is
Ynfloeden Bruna syn wurkstyl waard ynearsten beynfloede troch ûntwerpers en keunstskilders út de Nederlânske skoalle de Styl lykas Bart van der Leck, Piet Mondriaan, Gerrit Rietveld en troch de Frânske skilders Fernand Léger en Henri Matisse.
Literatuer Caro Verbeek, Dick Bruna. Kunstenaar. Amsterdam, Ryksmuseum, 2015. Céline Rutten, Gesprekken met Dick Bruna. Amsterdam/Antwerpen, Atlas, 2011. Joke Linders, Koosje Sierman, Ivo de Wijs, Truusje Vrooland-Löb, Kees Nieuwenhuijzen: Dick Bruna. Swol, Waanders; Amsterdam, Mercis, 2006. Kees Nieuwenhuijzen en Ella Reitsma, Het paradijs in pictogram: het werk van Dick Bruna. Amsterdam, van Goor, 1989. Dolph Kohnstamm, Het oog wil oog zien: gedachten bij de kinderboekjes van Dick Bruna. Amsterdam, Mercis Publishing, 1991.
Keppelings om utens Fideoportret fan Dick Bruna, mei fraachpetear (Dutch Profiles) Dossier by de KB It atelier fan Dick Bruna yn it Sintraal Museum De Facebookside fan nijntje It YouTube kanaal fan nijntje
Kategory:Nederlânsk grafysk ûntwerper Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2017