Crystal Shawanda (Wikwemikong (Ontario), 1983) is in Kanadeesk countrysjongster fan Yndiaansk komôf. Hja briek yn 2008 troch mei har earste single You Can Let Go, dy't in ûnbidich grut súkses waard. Yn 2013 wûn se in Juno Award. Yn 2008 waard der in seisdielige dokumintêresearje oer Shawanda har bliksemkarriêre makke.
Libben en karriêre Shawanda waard yn 1983 berne yn it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat op it eilân Manitoulin yn 'e Hueronmar, dat ta de Kanadeeske provinsje Ontario heart. Hja is in etnyske Yndiaanse fan Ottawa- en Odjibwe-ôfstamming. Har efternamme soe oerset wurde kin as "nije moarnsdage".
Yn 2007 tekene Shawanda in kontrakt mei de platemaatskippij RCA Records Nashville, yn Nashville (Tennessee). Yn jannewaris 2008 brocht se har earste country-single út yn har heitelân, mei as titel You Can Let Go. Dat nûmer stie fiif wiken yn 'e hitlisten, helle de top 10, en wie de fluchst klimmende single fan Kanada sûnt Georgia fan Carolyn Dawn Johnson, út 2000. Yn 'e Feriene Steaten waard itselde liet op 25 febrewaris 2008 útbrocht, en berikte it it 21e plak. Shawanda wûn mei You Can Let Go in Aboriginal Peoples' Choice Music Award yn 'e kategory bêste single fan it jier en twa Canadian Aboriginal Music Awards foar bêste single fan it jier en bêste fideoklip fan it jier.
Shawanda har earste album, Dawn of a New Day (in ferwizing nei har efternamme), waard yn Kanada op 24 juny 2008 publisearre en yn 'e Feriene Steaten op 19 augustus fan dat jier. Yn 'e Kanadeeske country-albumlisten helle se der it twadde plak mei, en yn 'e Feriene Steaten it sechstjinde plak. Dawn of a New Day wûn in Aboriginal Peoples' Choice Music Award foar bêste country-album fan it jier en twa Canadian Aboriginal Music Awards foar bêste country-album fan it jier en bêste album fan it jier. Sels wûn Shawanda yn 2009 in Canadian Country Music Award yn 'e kategory froulike artyst fan it jier en in Canadian Radio Music Award foar bêste nije country-artyst.
Yn febrewaris 2008 stjoerde CMT Canada in seisdielige dokumintêresearje oer Shawanda har bliksemkarriêre út, ûnder de titel Crystal: Living the Dream. Lette dat jier gie Shawanda mei ferskate oare muzikanten op toernee troch Kanada en de noardlike Feriene Steaten, en yn 2009 wie se as spesjale gaststjer belutsen by it toernee troch hiel Noard-Amearika fan Brad Paisley en Dierks Bentley. Mids 2009 ferbriek Shawanda har gearwurking mei RCA Nashville, wêrnei't se har eigen platemaatskippij oprjochte, mei as namme New Sun Records. Datselde jiers brocht se by New Sun troch in distribúsje-oerienkomst mei On Ramp Records in krystalbum út mei as titel I'll Be Home for Christmas.
Yn 2010 brocht Shawande de single Beautiful Day út, en teffens trede se dat jiers op ûnder de ferneamde Macy's Thanksgiving Day Parade, yn New York. Har trêde studio-album, Just Like You, kaam op 24 april 2012 út. Dêrmei wûn se yn 2013 in Juno Award yn 'e kategory lânseigen album fan it jier. Yn 2014 publisearre Shawanda in bluesalbum, mei as titel The Whole World's Got the Blues.
Diskografy Albums Studio-albums jier titel prizen en nominaasjes resultaat2008Dawn of a New Daywûn 1 Aboriginal Peoples' Choice Music Award wûn 2 Canadian Aboriginal Music Awards nom. foar 1 Canadian Country Music Awardnom. foar 1 Juno Award2009I'll Be Home for Christmas2012Just Like Youwûn 1 Juno Award 2014The Whole World's Got the Blues
Singles Eigen singles jier titel prizen en nominaasjes resultaat2008You Can Let Gowûn 1 Aboriginal Peoples' Choice Music Award wûn 2 Canadian Aboriginal Music Awards nom. foar 1 Canadian Country Music AwardWhat Do I Have to Do?My Roots Are Showing2009Dawn of a New DayTry2010Beautiful DayFight for Me2011This FeverLove Enough2012CloserDown on BroadwayChains 2013Someone Who Loves You 2016Laid Back
Gastsingles jier titel prizen en nominaasjes resultaat2009In Your Arms Again (mei George Canyon)
Prizen en nominaasjes jier priis resultaat kategory foar it nûmer/album2008Aboriginal Peoples' Choice Music Awardwûnbêste single fan it jierYou Can Let Gowûnbêste country-album fan it jierDawn of a New Daywûnbêste nije artyst fan it jiern.f.t.Canadian Aboriginal Music Awardwûnbêste single fan it jierYou Can Let Gowûnbêste country-album fan it jierDawn of a New Daywûnbêste album fan it jierDawn of a New Daywûnbêste fideoklip fan it jierYou Can Let Gowûnbêste artyst fan it jiern.f.t.Canadian Country Music Awardnominearresingle fan it jierYou Can Let Gonominearreprogramma/special fan it jiernet neamdnominearrefroulike artyst fan it jiern.f.t.2009Canadian Country Music Awardnominearrealbum fan it jierDawn of a New Daywûnfroulike artyst fan it jiern.f.t.Canadian Radio Music Awardwûnbêste nije country-artystn.f.t.Juno Awardnominearrecountryplaat fan it jierDawn of a New Daynominearrebêste nije artystn.f.t. 2010 Canadian Country Music Awardnominearrefroulike artyst fan it jiern.f.t. 2013Juno Awardwûnlânseigen album fan it jierJust Like You
Keppelings om utens Offisjele webside fan Crystal Shawanda Crystal Shawanda yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Kanadeesk sjonger Kategory:Kanadeesk country-artyst Kategory:Kanadeesk bluesartyst Kategory:Kanadeesk muzikant fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Odjibwe-komôf Kategory:Persoan fan Ottawa-komôf Kategory:Persoan berne yn 1983