Phina Oruche (Liverpool, 31 augustus 1972) is in Britsk aktrise fan Nigeriaansk komôf. Hja sette har karriêre útein as model yn 'e Britske moadeyndustry, mar waard benammen bekend as aktrise, mei har rol as Liberty Baker yn 'e dramasearje Footballers' Wives. Dêrnjonken is Oruche ek aktyf as presintatrise fan radioprogramma's, as regisseur, editor en produsinte fan koarte films en fideoclips, as kabaretiêre mei har autobiografyske ienmansshow Liberating Character, en as skriuwster fan berneboeken.

Libben en karriêre Jonkheid en wurkpaad as model Oruche waard yn 1972 berne yn 'e Ingelske havenstêd Liverpool as de dochter fan Nigeriaanske ymmigranten. Hja is in etnyske Ibo (de Ibo of Igbo binne ien fan 'e grutste folken fan súdlik Nigearia). Ein 1980-er jierren begûn Oruche in wurkpaad as model en mannekên yn Londen, mar hja ferfear al rillegau nei New York. Dêr wie se fiif jier lang in fêst model foar de Amerikaanske kleanwinkelkeatling Gap. Yn dy tiid stie se op 'e omslach fan ferskate Amerikaansk moadeblêden, mar se hie in spesjale bân mei it tydskrift Essence, dat gauris fotoreportaazjes fan har publisearre.

Aktearkarriêre Nei't Oruche foar de tillefyzje 'ûntdutsen' wie troch de Britske reklame- en filmregisseur Tony Kaye, liet dy har yn in hiele rige reklamespotsjes spylje. Dêrmei makke er by har de ambysje wekker om aktrise te wurden. Oruche sette yn Los Angeles útein mei in aktearkarriêre nei't se in oplieding folge hie oan 'e Actors Studio yn New York. Se hie ferskate gastrollen yn Amerikaanske tillefyzjesearjes, lykas Nash Bridges, V.I.P., Charmed, Nip/Tuck en Diagnosis: Murder (2 kear). Yn 'e fantasysearje Buffy the Vampire Slayer hie Oruche in weromkearende rol yn trije ôfleverings. Op it wite doek figurearre se yn Sabrina (1995) mei Harrison Ford en Julia Ormond, en spile se yn The Forsaken (2001) en Happy Ever Afters (2009).

Uteinlik kearde Oruche werom nei Ingelân, dêr't se yn 'e plysjesearje The Bill spile. It bekendst waard se lykwols mei har fertolking fan 'e rol fan Liberty Baker yn 'e dramasearje Footballers' Wives, oer it wol en wee fan 'e froulju fan 'e leden fan in profesjoneel fuotbaltiim. Dêrfoar wûn se in Screen Nations Award yn 'e kategory Favorite Tillefyzjestjer. Oruche hie fierders yn 2008 ek in cameo yn 'e humoristyske sketcheshow Little Miss Jocelyn. Yn 2010 waard se cast foar in fêste rol (as mem) yn Hollyoaks, in soapsearje foar teenagers.

Yn 2012 makke se, nei in hoart lins nommen te hawwen foar de opfieding fan har soan, har comeback op 'e BBC yn 'e dramasearje Doctors. Letter wie se noch te sjen yn û.m. de tillefyzjesearjes Taken Down, Moving On en The Magpie Murders. Ek spile se yn 'e tillefyzjefilm Anthony en wurke se mei oan 'e podcastsearje Slayers: A Buffyverse Story.

Oar wurk Op 'e Ierske radio presintearre Oruche ferskate jierren trije kear yn 'e wike it programma Ireland AM, en yn Londen wie se yn 2008 in wike lang as panellid belutsen by it praatprogramma The Wright Stuff, dat moarns útstjoerd waard. Oruche hat fierders noch ferskate oare programma's op 'e radio en de tillefyzje presintearre, en ek die se yn 2006 as kandidate mei oan it realitytillefyzjeprogramma I'm a Celebrity... Get Me Out of Here!

Letter presintearre en produsearre Oruche yn har bertestêd Liverpool op 'e sneontejûnen it radioprogramma Upfront, op 'e regionale radiostjoerder BBC Radio Merseyside. Teffens skreau se in skoft lang in kollumn yn 'e krante de Liverpool Echo. Fierders is se de eigneresse fan in eigen filmstudio, Ibo Girl Films, wêrfoar't se koarte films en fideoclips regissearret, montearret en produsearret.

Yn april 2012 publisearre Oruche har autobiografy, mei as titel Liberating Character. Mei har ienmansshow Identity Crisis, basearre op har eigen libbensferhaal, debutearre se yn 2016 yn it teäter op 'e Edinburgh Festival Fringe. Yn 2017 stie se mei deselde foarstelling op 'e planken yn it Ynternasjonaal Slavernijmuseum yn Liverpool en letter ek yn it Ovalhouse yn Londen. Neitiid stiek se mei Identity Crisis de Atlantyske Oseaan oer om it yn it Soho Playhouse yn New York te spyljen.

Under de koroanapandemy skreau Oruche twa berneboeken, Jacopo Jacopo Football Star en Jacopo Jacopo on Lockdown, dy't allebeide yn 2020 ferskynden by Amazon Publishing. Se geane oer in tsienjierrich jonkje fan mingd etnysk komôf út Liverpool en syn krewearjen om troch te brekken as fuotballer.

Priveelibben Phina Oruche troude yn augustus 2007, en hat út dat houlik ien bern, in soan. Yn 2006 en 2007 draafde se de Maraton fan Londen, wêrmei't se £35.000 ophelle foar it goede doel. Oruche wennet tsjintwurdich wer yn har berteplak Liverpool.

Bibliografy 2012 – Liberating Character (autobiografy) 2020 – Jacopo Jacopo Football Star (berneboek) 2020 – Jacopo Jacopo on Lockdown (berneboek)

Filmografy

|align="center"| 1995 || Saved by the Bell: The New Class   || Ashley || gastrol; ôfl. No Smoking |- |align="center"| 1996 || If Looks Could Kill || Britske stewardess || tillefyzjefilm |- |align="center"| 1997 || Homeboys in Outer Space || tsjeppe frou || gastrol; ôfl. Tales from the Dark Side, or: Ty Takes the Redeye |- |align="center"| 1997 || Players || Victoria || gastrol; ôfl. In Concert |- |align="center"| 1997 || Nash Bridges || Daysha Long || gastrol; ôfl. Dirty Tricks |- |align="center"| 1998 || Diagnosis: Murder || Elena Martin || gastrol; ôfl. Rain of Terror |- |align="center"| 1999–2000 || Buffy the Vampire Slayer || Olivia || weromkearende rol; 3 ôfl. (The Freshman, Hush en Restless) |- |align="center"| 2000 || V.I.P. || Mercy || gastrol; ôfl. Val Point Blank |- |align="center"| 2000 || The Pretender || dokter || gastrol; ôfl. The Inner Sense, Part 1 |- |align="center"| 2000 || FreakyLinks || de folwoeksen Virginia || gastrol; ôfl. Subject: Fearsum |- |align="center"| 2000 || Diagnosis: Murder || Asia || gastrol; ôfl. Sleight-of-Hand |- |align="center"| 2003 || Charmed || Jada || gastrol; ôfl. Lucky Charmed |- |align="center"| 2003 || Nip/Tuck || Mia || gastrol; ôfl. Cliff Mantegna |- |align="center"| 2003 || She Spies || befeiligingsmeiwurkster   || gastrol; ôfl. Crossed Out |- |align="center"| 2006 || The Bill || Heather Lees || weromkearende rol; ôfl. Where We Belong, Part 2 en A Day to Remember |- |align="center"| 2006 || Footballers' Wives || Liberty Baker || fêste rol; minysearje fan 8 ôfl. |- |align="center"| 2007 || The Unit || haadfrou || gastrol; ôfl. The Outsiders |- |align="center"| 2008 || Little Miss Jocelyn || harsels || cameo; ôfl. S2E3 |- |align="center"| 2010 || Hollyoaks || Gabby Sharpe || tydlike fêste rol yn in soapsearje; 36 ôfl. |- |align="center"| 2012 || Doctors || Jane Williams || gastrol; ôfl. Beautiful Girl |- |align="center"| 2018 || Taken Down || Marvellous || weromkearende rol; 5 ôfl. |- |align="center"| 2020 || Anthony || muoike Ven || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2021 || Moving On || Sheryl || gastrol; ôfl. Hungry to Learn |- |align="center"| 2022 || The Magpie Murders || Bryony || gastrol; ôfl. S1E3

|align="center"| 1995 || Sabrina || model || |- |align="center"| 1998 || How Stella Got Her Groove Back || Leslie James || |- |align="center"| 1998 || High Freakquency || seksy frou || |- |align="center"| 1999 || Out in Fifty || Lowanda || |- |align="center"| 1999 || The Sky is Falling || Amanda || |- |align="center"| 2000 || Punks || supermodel || |- |align="center"| 2001 || Note Come Due || Mary || koarte film |- |align="center"| 2001 || The Forsaken || Cym || |- |align="center"| 2004 || Who's Kyle? || Scouser fanke || koarte film |- |align="center"| 2009 || Happy Ever Afters || Emily ||

|align="center"| 2023 || Slayers: A Buffyverse Story || Olivia || gastrol; ôfl. S1E3 en S1E4

Keppelings om utens Offisjele webside fan Phina Oruche Folsleine filmografy fan Phina Oruche yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Ingelsk model Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk radiopresintator Kategory:Ingelsk radioprodusint Kategory:Ingelsk telefyzjepresintator Kategory:Ingelsk kollumnist Kategory:Ingelsk autobiograaf Kategory:Ingelsk berneboekeskriuwer Kategory:Ingelsk ûndernimmer Kategory:Ingelsk koarte-filmregisseur Kategory:Ingelsk fideoklipregisseur Kategory:Ingelsk filmprodusint Kategory:Ingelsk kabaretier Kategory:Dielnimmer oan in Britsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Ingelsk persoan fan Nigeriaansk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Ibo-komôf Kategory:Persoan berne yn 1972