De Tsjerke fan de Berte fan de Hear (Russysk: Церковь Рождества Христова; tsjerkov Rozjdestva Christova) is in otterdokske tsjerke yn 'e Sibearyske stêd Irkûtsk, Ruslân.

Skiednis Yn 1998 fûn der yn Irkûtsk by de lâning in ramp mei in Airbus plak, wêrby't 124 minsken omkamen en 68 minsken ferwûne rekken. Ta oantinken fan de slachtoffers waard op it plak fan 'e ramp de Bertetsjerke boud. Op 8 oktober 1999 fûn de konsekraasje fan 'e tsjerke plak.

De tsjerke fertsjintwurdiget de tradisjonele Russyske tsjerke-arsjitektuer sa't dy ek yn Sûzdal en Vladimir en oare dielen fan it lân foarkomt, mar dy't yn Sibearje frjemd is.

De ikonostase fan de tsjerke is mei tapassing fan CAD-CAM-technology boud.

Kategory:Tsjerkegebou yn Irkûtsk Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út 1999