Karen Miller (Vancouver (Britsk-Kolumbia), 1961)<ref>[http://www.isfdb.org/cgi-bin/ea.cgi?37812 Biografyske gegevens fan Karen Miller yn de Internet Science Fiction Database (ISFDb)]</ref> is in Australysk skriuwster fan Kanadeesk komôf. Hja leit har benammen ta op 'e literêre sjenres fan 'e fantasy en science fiction, mar hat ek wol toanielstikken skreaun. Har bekendste wurken binne de Kingmaker, Kingbreaker-duology en de Godspeaker-trilogy. Miller makket foar guon boeken gebrûk fan it pseudonym K.E. Mills.

Libben en karriêre Miller waard yn 1961 berne yn Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Har âlden emigrearren lykwols mei har nei Austraalje doe't se noch mar in pjut fan twa jier wie. Sadwaande groeide Miller op yn Austraalje en beskôget se har as Australise. Nei't se ôfstudearre wie oan 'e Universiteit fan Technology yn Sydney, wenne se trije jier yn Ingelân ear't se weromkearde nei Austraalje.

Yn 2005 waard Miller har debútroman publisearre. Dat wie The Innocent Mage, it earste diel fan har Kingmaker, Kingbreaker-duology. The Innocent Mage waard yn Austraalje tige goed ûntfongen, en wie in finalist foar de Aurealis Award yn 'e kategory bêste fantasyroman. Itselde jiers noch kaam ek it twadde diel fan 'e duology út, dat yn Australaazje Innocence Lost as titel hie, mar letter yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Grut-Brittanje útbrocht waard as The Awakened Mage. Neitiid hat Miller noch ferskate romans skreaun dy't yn 'e wrâld fan Kingmaker, Kingbreaker spylje, wêrûnder de Fisherman's Children-duology en in prequel mei as titel A Blight of Mages.

Yn 2007 ferskynde fan Miller de roman Empress of Mijak, dy't yn Noard-Amearika en Grut-Brittanje útbrocht waard ûnder de titel Empress. Dat wie it earste diel fan har Godspeaker-trilogy, dêr't se op 'e nij grut súkses mei hie. Empress of Mijak krige in earfolle fermelding foar sawol de Aurealis Award foar bêste fantasyroman, as foar de Amerikaanske James Tiptree, Jr. Award. It twadde diel fan 'e trilogy, The Riven Kingdom, krige ek in earfolle fermelding foar de James Tiptree, Jr. Award, en wie boppedat in finalist foar de Aurealis Award fan 2008.

Miller hat ek ferskate romans en koarte ferhalen tafoege oan romansearjes dy't troch ferskate auteurs skreaun wurde. Sa skreau se trije Star Wars-romans en twa Stargate SG-1-romans. Yn 2008 ferskynde fierders fan har hân The Accidental Sorcerer, it earste diel út har Rogue Agent-rige, dy't se útkomme liet ûnder it pseudonym K.E. Mills. Njonken har publisearre wurk hat Miller ek ferskate toanielstikken skreaun foar de pleatslike amateurtoanielferiening dêr't se lid fan is. Teffens hat se foar dy feriening guon stikken regissearre.

Wurk N.B.: hjirby giet it om romans, of it moat oars oanjûn stean. Folslein eigen wurk yn 'e wrâld fan Kingmaker, Kingbreaker Kingmaker, Kingbreaker-duology 2005 – The Innocent Mage 2005 – Innocence Lost (yn 'e Feriene Steaten, Kanada en it Feriene Keninkryk útbrocht ûnder de titel The Awakened Mage) Fisherman's Children-duology 2009 – The Prodigal Mage 2010 – The Reluctant Mage prequel 2012 – A Blight of Mages Godspeaker-trilogy 2007 – Empress of Mijak (yn 'e Feriene Steaten, Kanada en it Feriene Keninkryk útbrocht ûnder de titel Empress) 2007 – The Riven Kingdom 2008 – Hammer of God Rogue Agent-rige (ûnder it pseudonym K.E. Mills) 2008 – The Accidental Sorcerer 2009 – Witches, Incorporated 2010 – Wizard Squared 2012 – Wizard Undercover The Tarnished Crown-rige 2014 – The Falcon Throne 2017 – Prince of Glass

Bydragen oan besteande searjes bydragen fan Karen Miller oan 'e Star Wars-searje 2008 – Star Wars: The Clone Wars: Wild Space 2010 – Star Wars: Clone Wars Gambit: Stealth 2010 – Star Wars: Clone Wars Gambit: Siege 2012 – Roll of the Dice (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Star Wars Insider) bydragen fan Karen Miller oan 'e Stargate SG-1-searje 2006 – Stargate SG-1: Alliances 2006 – Medical Considerations (koart ferhaal yn Stargate Magazine) 2008 – Stargate SG-1: Do No Harm

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2005Aurealis Awardfinalistbêste fantasyroman The Innocent Mage 2007Aurealis Awardearfolle fermeldingbêste fantasyroman Empress of Mijak James Tiptree, Jr. Awardearfolle fermeldingn.f.t. Empress of Mijakearfolle fermeldingn.f.t.The Riven Kingdom2008Aurealis Awardfinalistbêste fantasyroman The Riven Kingdom2009Aurealis Awardfinalistbêste fantasyroman Witches, Incorporated

Keppelings om utens Offisjele webside fan Karen Miller

Kategory:Australysk romanskriuwer Kategory:Australysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Australysk fantasyskriuwer Kategory:Australysk science fiction-skriuwer Kategory:Australysk toanielskriuwer Kategory:Australysk toanielregisseur Kategory:Australysk persoan fan Kanadeesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1961