Trans500, offisjeel Trans500 Studios LLC, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't him taleit op it meitsjen fan pornografyske films mei pre-operative transseksuële pornoaktrises, dy't almeast geslachtsferkear hawwe mei manlike pornoakteurs. Trans500 waard yn 2011 oprjochte,Bedriuwsynformaasje oer Trans500 en is fêstige yn Miami,Bedriuwsynformaasje oer Trans500 yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida.

De studio bringt in stikmannich fan 'e populêrste filmsearjes fan syn sjenre út, wêrûnder de út masturbaasjesênes besteande TS Cock Strokers ("TS" stiet foar transsexual), en fierders de I Kill It-rige en de Monstercock Trans Takeover-searje.Trans500 yn de Internet Adult Film Database (IAFD) Ferskate films út 'e I Kill It-rige hawwe nominaasjes yn 'e wacht sleept foar ien of mear Transgender Erotica Awards.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Trans500

Kategory:Amerikaanske pornografyske filmstudio Kategory:Transseksuele pornografy Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2011