Novosibirsk (Russysk: Новосибирск, 'Nij-Sibearje') is in stêd yn Ruslân. Novosibirsk is nei Moskou en Sint-Petersburch de grutste stêd fan it lân en de grutste fan Aziatysk Ruslân.

It is de haadstêd fan 'e oblast Novosibirsk en fan it Federale distrikt Sibearje. Novosibirsk leit oan 'e rivier de Ob en it Trans-Sibearysk spoar. De stêd is in wichtich ferkearsknooppunt en it wichtichste yndustriële sintrum fan Sibearje. Ek op kultureel en wittenskiplik mêd hat Novosibirsk in sintrumfunksje; sa hat de Russyske Akademy fan Wittenskippen in fêstiging yn Akademgorodok ("Akademystedsje"), krekt bûten de stêd, dêr't in protte ûnderwiis- en wittenskiplike ynstellingen byinoar brocht binne.

Keppeling om utens Stedsplattegrûn

Kategory:Plak yn Novosibirsk (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1893