Georgia Wettlin Larsen (Roswell (Nij-Meksiko),Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen ±1955) is in Amerikaansk sjongster fan etnysk Yndiaansk komôf.
Libben en karriêre Larsen waard omtrint 1955 berne yn Roswell, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Hja is in etnysk Assiniboin-Yndiaanse mei dêropta noch wat Dútsk, Iersk en Ingelsk bloed,Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen dy't lid is fan 'e federaal erkende stamme fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen
Hja is in sjongster dy't Yndiaanske folksmuzyk makket, en hja hat ferskate lieten útbrocht op kompilaasje-cd's mei oare Yndiaanske sjongsters. Har bekendste nûmer is Ojibwa Square Dance, dat ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e ôflevering Learning Curve út it fjirde seizoen fan 'e tillefyzjesearje Northern Exposure. Dy ôflevering waard op 8 febrewaris 1993 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd. Fierders droech Larsen de lieten Lakota Flute Song, Ojibwa Love Charm Song en Ojibwa Love Song by oan 'e kompilaasje-cd Heartbeat: Voices of First Nations Women, út 1995. Har liet Turkey in the Straw makket diel út fan 'e cd Wood That Sings: Indian Fiddle Music of the Americas, út 1997.
Larsen wie fan 2003 oant 2009 artistyk direktrise fan it First Nations Composer Initiative, in gearwurkingsferbân fan Yndiaanske komponisten dat fêstige is yn St. Paul, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. Njonken har muzikale karriêre wie Larsen mei in bachelortitel yn 'e sosjology foarhinne ek aktyf as sosjaal wurker en adviseur op it mêd fan Yndiaanske bern. Larsen is no mei pinsjoen en wennet yn Minneapolis. Se hat trije folwoeksen bern, Maya, Sasha en Bobby, en twa bernsbern, Sia en Nollie.Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen
Diskografy 1995 – Heartbeat: Voices of First Nations Women Lakota Flute Song Ojibwa Love Charm Song Ojibwa Love Song 1997 – Wood That Sings: Indian Fiddle Music of the Americas Turkey in the Straw
Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk folksmuzykartyst Kategory:Amerikaansk taalaktivist Kategory:Amerikaansk sosjaal wurker Kategory:Amerikaansk muzikant fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk aktivist fan Yndiaansk komôf Kategory:Yndiaansk taalaktivist Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan fan Assiniboin-komôf Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw