thumb|Yn Singin' in the Rain briek se troch 1952 thumb|right|Debbie Reynolds yn 2013 Debbie Reynolds (El Paso, Teksas, 1 april 1932 – Los Angeles, 28 desimber 2016) wie in Amerikaansk aktrise, dûnser en sjongster.

Libben en wurk Reynolds waard berne as Mary Frances Reynolds. Yn 1939 ferhuze de hûshalding nei Burbank yn Kalifornje. Dêr wûn se yn 1948 de Miss Burbank-ferkiezing. Dat foel op en se krige in kontrakt by de filmmaatskippij Warner Brothers Pictures. Dy joech har in nije namme en har earste lytse rollen yn films.

Yn 1952 krige Reynolds in rol yn de musikalfilm Singin' in the Rain. Se hie ûnderfining en koe net tapdûnsje en haadrolspiler Gene Kelly woe net dat se cast waard, mar se spile dochs mei en de film waard in grut súkses. Letter holden Kelly en ko-regisseur Stanley Donen altyd út dat Reynolds fan begjin ôf oan harren earste kar west hie.

Reynolds spile yn de rin fan karriêre yn goed fjirtich films. Hja spile ek de rol fan Bobby Adler, de mem fan Grace yn de sitcom Will & Grace. Se krige in Oscar foar har rol yn The Unsinkable Molly Brown en Golden Globes foar The Debbie Reynolds Show op telefyzje en de film Mothers.

Reynolds hat trije kear troud west: fan 1955 oant 1959 mei sjonger Eddie Fisher, fan 1960 oant 1973 mei Harry Karl en fan 1984 oant 1994 mei Richard Hamlett. Mei Fisher krige hja twa bern, aktrise Carrie Fisher en akteur/produsint Todd Fisher.

In dei nei't har dochter Carrie op 27 desimber 2016 stoar oan in hertoanfal, waard Reynolds net goed en opnaam yn it sikehûs. Se stoar op 28 desimber 2016.Actrice Debbie Reynolds, moeder van Carrie Fisher, overleden Algemeen Dagblad, 29 desimber 2016

Diskografy 1950, Aba Daba Honeymoon 1957, Tammy 1958, A Very Special Love

Filmografy Films 1948, June Bride 1950, The Daughter of Rosie O'Grady 1950, Three Little Words 1950, Two Weeks with Love 1950, Mr. Imperium 1952, Singin' in the Rain 1952, Skirts Ahoy! 1953, I Love Melvin 1953, The Affairs of Dobie Gillis 1953, Give a Girl a Break 1954, Susan Slept Here 1954, Athena 1955, Hit the Deck 1955, The Tender Trap 1956, Meet Me in Las Vegas (ameo) 1956, The Catered Affair 1956, Bundle of Joy 1957, Tammy and the Bachelor 1958, This Happy Feeling 1959, The Mating Game 1959, Say One for Me 1959, It Started with a Kiss 1959, The Gazebo 1960, The Rat Race 1960, Pepe (kameo) 1961, The Pleasure of His Company 1961, The Second Time Around 1962, How the West Was Won 1963, Mary, Mary 1963, My Six Loves 1964, The Story of a Dress 1964, The Unsinkable Molly Brown 1964, Goodbye Charlie 1966, The Singing Nun 1967, Divorce American Style 1968, How Sweet It Is! 1971, What's the Matter with Helen? 1973, Charlotte's Web (stim) 1974, That's Entertainment! 1989, Kiki's Delivery Service (stim) 1992, The Bodyguard (kameo) 1993, Heaven & Earth 1994, That's Entertainment! III 1996, Mothers 1996, Wedding Bell Blues (kameo) 1997, In & Out 1998, Fear and Loathing in Las Vegas (stim) 1998, Zack and Reba 2000, Rugrats in Paris: The Movie (stim) 2004, Connie and Carla 2004, Halloweentown High 2006, Return to Halloweentown 2008, Blaze of Glory (stim) 2012, One for the Money 2013, Behind the Candelabra

Tf-searjes (in kar) 1969, The Debbie Reynolds Show (oant 1970) 1980, The Love Boat 1981, Aloha Paradise 1986, Hotel 1991, The Golden Girls 1994, Wings 1997, Roseanne 2000, Ratjetoe (stim, oant 2002) 2002, Will & Grace (oant 2006) 2003, Kim Possible (stim, oant 2007) 2008, Family Guy (stim)

Dokumentêres 1974, Busby Berkeley 1999, Keepers of the Frame 2002, Cinerama Adventure 2007, Mr.Warmth: The Don Rickles Project 2008, The Jill & Tony Curtis Story 2008, The Brothers Warner 2008, Fay Wray: A Life

Kategory:Amerikaansk model Kategory:Winneresse fan in missferkiezing Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk musicalakteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Oscar-winner Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Amerikaansk samler Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2016