In ôfkoarting (gauris ôfkoarte ta ôfk.) is yn it skriftlik taalgebrûk in ferkoarte skriuwwize foar in wurd, wurdgroep of oare oantsjutting. De beneaming 'ôfkoarting' is in sammelbegryp foar ferskate kategoryen. Yn alle gefallen binne dêrby yn it skriuwen lykwols ien of mear letters weilitten. De ferskillende soarten ôfkoartings binne: ôfkoartings yn 'e ingere sin, dy't by lêzing folút útsprutsen wurde en einigje op in punt om oan te jaan dat der wat weilitten is (dus by "ensfh." en "d.w.s." lêst men "ensafuorthinne" en "dat wol sizze") symboalen, dat wittenskiplike notaasjes en oare koarte skriuwwizen binne, lykas "g" (fan gravity, "swiertekrêft"), "km" (foar kilometer), "l" (foar "liter"), "v" (fan velocity, "faasje"), € (foar euro) en ƒ (foar gûne) inisjaalwurden, wêrby't de letters fan 'e ôfkoarting apart útsprutsen wurde, lykas "wc" (útsprutsen as "weesee") letterwurden, wêrby't de ôfkoarting útsprutsen wurdt sa't er skreaun wurdt, lykas by "pin" of "Riagg" akronimen, ôfkoartings dy't mei haadletters skreaun wurde; dit binne tagelyk ek inisjaalwurden, lykas "VVD" of "GGD", of letterwurden, lykas "NATO" of "HAVO" wurdlidwurden, dy't opboud binne út wurdlidden fan 'e oarspronklike folute namme, lykas "horeka" (fan "hotel", "restaurant", "kafee") en Benelúks (fan "Belgje", "Nederlân", "Lúksemboarch")

List fan Fryske ôfkoartings (Hjiryn binne inkeld algemiene ôfkoartings opnomd, dus gjin nammen fan organisaasjes, wetten ensfh.)

A a – are adr. – adres a.j.b. – asjebleaft a.j.w. – as jo wolle apr. – april art. – artikel A$ – Australyske dollar A.T. – Alde Testamint atm. – atmosfear aug. – augustus

B b. – berne B. en W. – boargemaster en wethâlders b.g. – bygelyks b.g.g. – by gjin gehoar bgl. – bygelyks bh – bústehâlder bibl. – bibleteek byl. – bylage bys. – bysûnder bys.b.s. – bysûndere basisskoalle bys.l.s. – bysûndere legere skoalle bl. – bledside bls. – bledside b.l.û. – bûtengewoan leger ûnderwiis b.n.o. – by net opnimmen boarg. – boargemaster br. – breed, breedte of bruorren b.tsj. – bûten tsjinst (d.w.s. ôfswaaid út 'e kriichsmacht) b.û. – basisûnderwiis

C ¢ – dollarsint © – copyright D dal – dekaliter dam – dekameter d.b. – deistich bestjoer Dep.St. – Deputearre Steaten dep. – departemint dept. – deptartemint des. – desimber dg – desigram dg. – dagen dhr. – de hear d.i. – dat is of dit is dl – desiliter DM – Dútske mark dr. – doktor dra. – doktoranda drs. – doktorandus ds. – dûmny (fan dominus) D.S. – Deputearre Steaten dû. – dûmny Dú. – Dútsk d.w.s. – dat wol sizze E € – euro e. – east of easten EK – Europeesk kampioenskip e.k. – earste kertier eks. – eksimplaar ekskl. - eksklusyf ensfh. – ensafuorthinne e.o. – en oare(n) of en omkriten Eur. – euro

F ƒ – gûne (fan floryn) ₣ – Frânske frank fa. – firma febr. – febrewaris ferl. – ferlykje fgl. – fergelykje fig. – figuerlik F.K. – Feriene Keninkryk f.Kr. – foar Kristus fl. – gûne (fan floryn) f.l.n.rj. – fan lofts/links nei rjochts f.m. – folle moanne F.N. – Feriene Naasjes foars. – foarsitter fr. – franko, frou (oansprektitel), froulik Fr. – Frysk of Frânsk f.rj.n.l. – fan rjochts nei lofts/links Frl. – Fryslân fs. – fers F.S. – Feriene Steaten F.S.A. – Feriene Steaten fan Amearika G g – gram of swiertekrêft (fan gravity) GB – Grut-Brittanje G.B. – Grut-Brittanje gem. – gemeente ges. – gesang gr. – gram of grutte griff. – grifformeard H h – oere (fan heur) h. – heech of hichte H. – Hillige ha – hektare haadred. – haadredaksje h.b. – haadbestjoer herf. – herfoarme h.f.s. – haad fan de skoalle hg – hektogram hist. – histoarje hl – hektoliter hm – hektometer horeka – hotel-restaurant-kafee-sektor hr. – hear h.û – heger ûnderwiis

I ¥ – Japanske yen i.b.s. – iepenbiere basisskoalle id. – idem ient. – iental iep. – iepenbier ierdr. – ierdrykskunde y.f.m. – yn ferbân mei y.g.m. – yn gearwurking mei i.l.s. – iepenbiere legere skoalle ynf. – ynfinityf Ing. – Ingelsk ynkl. - ynklusyf ynsp. – ynspeksje of ynspekteur ynst. – ynstelling of ynstitút ynstj. – ynstjoerder y.o. – yn opdracht y.o.f. – yn opdracht fan y.p.f. – yn pleats fan y.pl.f. – yn pleats fan y.s.f. – yn stee fan y.st.f. – yn stee fan it. – inkeltal its. – itselde

J jann. – jannewaris jg. – jiergong jn. – juny jl. – july jr. – jier of junior jrg. – jiergong K K.B. – Keninklik Beslút ken. – keninklik keiz. – keizerlik kg – kilogram kl – kiloliter kl. – klasse km – kilometer ko. – kompanjon komp. – kompanjon k.p. – knokploech K$ – Kanadeeske dollar

L l – liter l. – lang of lingte; lofter/linker of lofts/links £ – Britske pûn (fan livre) ₤ – Italjaanske lire lett. – letterlik l.k. – lêste kertier of likernôch l.l. – lêstlyn (foar data; Nederlânsk: jongstleden) l.û. – leger ûnderwiis lut. – luthersk M m – meter M. – Mynhear (yn oanhef, boppe oan brief) µ – mikro (µg, µl, µm) maks. – maksimaal of maksimum manl. – manlik meart. – meartal m.d. – mei dielnimming mfr. – mefrou m.fr.g. – mei freonlike groetnis m.fr.gr. – mei freonlike groetnis mg – miligram m.g. – mei groetnis m.gr. – mei groetnis m.h.d. – mei hertlike dielnimming m.h.f. – mei help fan m.h.g. – mei hertlike groetnis m.h.gr. – mei hertlike groetnis m.h.l. – mei hertlike lokwinske(n) m.h.t. – mei hertlike tank m.y.d. – mei ynlike dielnimming m.y.f. – mei yngong fan mij. – maatskippij mil. – militêr min. – minimaal, minimum, minister, ministearje of minuten minn. – minnist of minnistysk ml – mililiter m.l. – mei lokwinske(n) mm – milimeter m.o.w. – mei oare wurden mrt. – maart mt. – meartal m.t. – mei tank m.t.o. – mei tank oan m.û. – middelber ûnderwiis

N n. – noard of noarden nas. – nasjonaal of nasjonaliteit nasj. – nasjonaal of nasjonaliteit nat. – natuerlik(e) n.e. – noardeast of noardeasten Ned. – Nederlân of Nederlânsk Ned. herf. – Nederlânsk-herfoarme NK – Nederlânsk kampioenskip n.Kr. – nei Kristus nl. – nammentlik n.m. – nije moanne n.o.f. – nei oanlieding fan n.o.t.k. – neier oerien te kommen nov. – novimber n.p. – net parkearje nr. – nûmer n.s. – neiskrift N.T. – Nije Testamint ntl. – nammentlik nû – nûmer n.w. – noardwest of noardwesten NZ$ – Nijseelânske dollar

O oanl. – oanlieding o.b. – oan board o.e.m. – oant en mei ôfb. – ôfbylding ôfk. – ôfkoarting ôfl. – ôflevering of ôflieding ôfl.f. – ôflaat fan ôfstj. – ôfstjoerder okt. – oktober o/m – oant en mei o/m – oant en mei opm. – opmerking o.s. – oansteande P p.a. – per adres p/a – per adres par. – paragraaf p.b. – provinsjale bibleteek pmt. – pûnsmjit pn. – pûn pongh. – ponghâlder prof. – professor prot. – protestantsk prov. – provinsjaal of provinsje Prov. St. – Provinsjale Steaten ps. – psalm P.S. – post skriptum pst. – persint ₧ – Spaanske peseta

R ® – registered trademark red. – redaksje of redakteur rel. – relaasje of relatyf rem. – remonstrantsk resp. – respektivelik rj. – rjochter of rjochts r.k. – roomsk-katolyk ₨ – Yndiaaske rûpy

S $ – Amerikaanske dollar s. – (bled)side, sint (munt), súd of suden sa – sintiare san. – saneamd s.e. – súdeast of súdeasten sek. – sekonde sept. – septimber sg – sintigram s.g.a.n. – sa goed as nij sikt. – siktaris sj. – sjoch s.j. – sûnder jiertal sj.d. – sjoch dêr sj. ek – sjoch ek sj.o.k. – sjoch oare kant sj.o.s. – sjoch oare side skath. – skathâlder skr. – skriuwer (siktaris) sl – sintiliter sm – sintimeter s.m. - sadomasogisme sn. – soan s.n. – saneamd spr. – sprekker sr. – senior of suster (ferpleechster) St. – Sint (hillige) of Steaten s.t. – simmertiid sust. – susters s.v.p. – s'il vous plaît (Frânsk): asjebleaft s.w. – súdwest of súdwesten

T tab. – tabel tah. – taheakke tak. – takommende (tiidsoantsjutting) t.b. – tuberkuloaze t.b.c. – tuberkuloaze tel. – telefoan temp. – temperatuer test. – testamint till. – tillefoan t.k. – takommende (tiidsoantsjutting) t.s. – te sizzen (op kwitânsje folge troch bedrach) t.w. – te witten U û. haadred. f. – ûnder haadredaksje fan û.l.f. – ûnder lieding fan û.m. – ûnder mear ûng. – ûngefear û.o. – ûnder oare(n) û. red. f. – ûnder redaksje fan V v – faasje (fan velocity) W w. – west of westen wc – húske (fan water closet, "wetterkast") widd. – widdo WK – wrâldkampioenskip w.t. – wie tekene (Nederlânsk: was getekend) of wintertiid

Y sjoch: i

Kategory:Taalkunde Kategory:Stavering