It ûndersteande is in list fan beneamings foar generaasjes yn in kertiersteat of Ahnentafel (in stambeam fan foarâlden). Dizze list is gearstald op basis fan 'e oantsjuttings dy't brûkt wurde troch de Nederlânske Geneälogyske Feriening (NGV). Oant en mei generaasje 5 hâldt dizze list him oan 'e algemien jildende foarmen; dêrnei begjint in systeem dat betocht is troch stambeamspesjalisten fan 'e NGV. It is dêrom net de iennichste list dy't oangeande dit ûnderwerp yn gebrûk is. In algemien jildich synonym foar betoerpake en -beppe is "oeroerpake en -beppe". Dêrnei kin men ek by eltse generaasje in "oer-" oan 'e beneaming tafoegje.

generaasje namme manlike foarm froulike foarm 1 proband probandus probanda 2 âlden heit mem 3 pake en beppe pake beppe 4 oerpake en -beppe oerpake oerbeppe 5 betoerpake en -beppe betoerpake betoerbeppe 6 âldâlden âldheit âldmem 7 âldpake en -beppe âldpake âldbeppe 8 âldoerpake en -beppe âldoerpake âldoerbeppe 9 âldbetoerpake en -beppe âldbetoerpake âldbetoerbeppe 10 stamâlden stamheit stammem 11 stampake en -beppe stampake stambeppe 12 stamoerpake en -beppe stamoerpake stamoerbeppe 13 stambetoerpake en -beppe stambetoerpake stambetoerbeppe 14 stamâldâlden stamâldheit stamâldmem 15 stamâldpake en -beppe stamâldpake stamâldbeppe 16 stamâldoerpake en -beppe stamâldoerpake stamâldoerbeppe 17 stamâldbetoerpake en -beppe stamâldbetoerpake stamâldbetoerbeppe 18 ealâlden ealheit ealmem 19 ealpake en -beppe ealpake ealbeppe 20 ealoerpake en -beppe ealoerpake ealoerbeppe 21 ealbetoerpake en -beppe ealbetoerpake ealbetoerbeppe 22 ealâldâlden ealâldheit ealâldmem 23 ealâldpake en -beppe ealâldpake ealâldbeppe 24 ealâldoerpake en -beppe ealâldoerpake ealâldoerbeppe 25 ealâldbetoerpake en -beppe ealâldbetoerpake ealâldbetoerbeppe 26 ealstamâlden ealstamheit ealstammem 27 ealstampake en -beppe ealstampake ealstambeppe 28 ealstamoerpake en -beppe ealstamoerpake ealstamoerbeppe 29 ealstambetoerpake en -beppe ealstambetoerpake ealstambetoerbeppe 30 ealstamâldâlden ealstamâldheit ealstamâldmem 31 ealstamâldpake en -beppe ealstamâldpake ealstamâldbeppe 32 ealstamâldoerpake en -beppe ealstamâldoerpake ealstamâldoerbeppe 33 ealstamâldbetoerpake en -beppe ealstamâldbetoerpake ealstamâldbetoerbeppe 34 foarâlden foarheit foarmem 35 foarpake en -beppe foarpake foarbeppe 36 foaroerpake en -beppe foaroerpake foaroerbeppe 37 foarbetoerpake en -beppe foarbetoerpake foarbetoerbeppe 38 foarâldâlden foarâldheit foarâldmem 39 foarâldpake en -beppe foarâldpake foarâldbeppe 40 foarâldoerpake en -beppe foarâldoerpake foarâldoerbeppe 41 foarâldbetoerpake en -beppe foarâldbetoerpake foarâldbetoerbeppe 42 foarstamâlden foarstamheit foarstammem 43 foarstampake en -beppe foarstampake foarstambeppe 44 foarstamoerpake en -beppe foarstamoerpake foarstamoerbeppe 45 foarstambetoerpake en -beppe foarstambetoerpake foarstambetoerbeppe 46 foarstamâldâlden foarstamâldheit foarstamâldmem 47 foarstamâldpake en -beppe foarstamâldpake foarstamâldbeppe 48 foarstamâldoerpake en -beppe foarstamâldoerpake foarstamâldoerbeppe 49 foarstamâldbetoerpake en -beppe foarstamâldbetoerpake foarstamâldbetoerbeppe 50 foarealâlden foarealheit foarealmem 51 foarealpake en -beppe foarealpake foarealbeppe 52 foarealoerpake en -beppe foarealoerpake foarealoerbeppe 53 foarealbetoerpake en -beppe foarealbetoerpake foarealbetoerbeppe 54 foarealâldâlden foarealâldheit foarealâldmem 55 foarealâldpake en -beppe foarealâldpake foarealâldbeppe 56 foarealâldoerpake en -beppe foarealâldoerpake foarealâldoerbeppe 57 foarealâldbetoerpake en -beppe foarealâldbetoerpake foarealâldbetoerbeppe 58 foarealstamâlden foarealstamheit foarealstammem 59 foarealstampake en -beppe foarealstampake foarealstambeppe 60 foarealstamoerpake en -beppe foarealstamoerpake foarealstamoerbeppe 61 foarealstambetoerpake en -beppe foarealstambetoerpake foarealstambetoerbeppe 62 foarealstamâldâlden foarealstamâldheit foarealstamâldmem 63 foarealstamâldpake en -beppe foarealstamâldpake foarealstamâldbeppe 64 foarealstamâldoerpake en -beppe foarealstamâldoerpake foarealstamâldoerbeppe 65 foarealstamâldbetoerpake en -beppe foarealstamâldbetoerpake foarealstamâldbetoerbeppe

Dêrnei: generaasje 66 o/m 129: generaasje 2 o/m 65 werhelje, mar dan mei it foarheaksel "aarts-" derfoar generaasje 130 o/m 257: generaasje 2 o/m 257 werhelje, mar dan mei foarheaksel "opper-" derfoar generaasje 258 o/m 513: generaasje 2o/m 257 werhelje, mar dan mei foarheaksel "heech-" derfoar Generaasje 513 bestiet dan neffens dit skema út 'e heechopperaartsfoarealstamâldbetoerpake en -beppe.

* Kategory:Genealogy Kategory:Besibskip