Sedekía (Hebriuwsk: צדקיהו; "Myn rjochtfeardigens is JWHW") wie de lêste kening fan Juda. Hy wie de opfolger fan Jojakin, dy't nei it ynnimmen fan 'e Judeeske haadstêd Jeruzalim troch it leger fan Nebûkadnêzer II meifierd waard nei Babel. It regear fan Sedekía wurdt tsjintwurdich datearre tusken 597 f.Kr. oant 587 f.kr. of oant 586 f.Kr.

Bibelske skiednis Sedekía krige by de berte de namme Mattanja en wie de tredde soan fan kening Josjía. Yn 'e âldens fan 21 jier waard Sedekía troch de Babyloanyske kening Nebûkadnêzer as syn fazal op de Judeeske troan set. Alve jier blea Sedekía oan it regear, maar hy spande gear mei Egypte en kaam yn it njoggende jier fan syn regear yn opstân tsjin Babyloanje. Dêrmei ferbruts Sedekía de eed, dy't er by God sward hie om trou te bliuwen oan Nebûkadnêzer. It soe liede ta de ûndergong fan it keninkryk Juda.

thumb|left|Sedekía wurdt twongen ta te sjen hoe't syn soannen ôfslachte wurde (Gustave Doré) De ûntrou fan Sedekía hie fan gefolgen dat Nebûkadnêzer Juda op 'e nij binnenfoel. Hy liet alle fêstings ferwoastgje en belegere Juda's haadstêd Jeruzalim. Dêrtroch ûntstie der in grutte hongersneed ûnder de befolking. De profeet Jeremía warskôge de kening dat er him better oerjaan koe, om't oars de stêd platbaarnd wurde soe en Sedekía net oan Nebûkadnêzer's grime ûntkomme soe. Mar de kening woe net nei Jeremía harkje en wie benaud tamtearre te wurden as er him oerjoech. Doe't it Chaldeeske leger in gat wist te slaan yn 'e stedsmuorre besocht kening Sedekía dy nachts noch te flechtsjen, mar it leger helle him en syn mannen op 'e flakte fan Jericho yn en sloech him dêr yn de boeiens.

Wylst Sedekía tasjen moast, liet Nebûkadnêzer yn Ribla al syn soannen deadzje. Nei't de prinsen ombrocht wiene, waard Sedekía de eagen útstutsen en nei Babel brocht. Oant syn dea waard er dêr yn it tichthûs finzen holden.Jeremía 52:11

Op 20 augustus 587 f.Kr., yn it achttjinde regearingsjier fan Nebûkadnêzer II, waarden de muorren fan 'e stêd delhelle en de timpel en Sedekía's paleis en Jeruzalim yn brân stutsen. Wat der noch oer wie oan ynwenners, waard as slaven yn ballingskip weifierd. It lân bleau foar wyld efter, krektsalang oant alle fersomme sabbatsjierren fergoede wiene.

Kening Nebûkadnêzer stelde Gedalja oan as lânfâd fan it ferroaide Juda, dy't letter troch Jismael, in man fan keninklike komôf, fermoarde waard.2 Keningen 24:18-262 Kroniken 36:11-21Jeremía 37-41

It motyf foar de ûndergong fan Juda It bibelboek 2 Kroniken makket dúdlik dat de ûndergong fan Jeruzalim alhiel werom te bringen is op 'e ûntrou fan Juda foar de God fan Israel oer. Sedekía die wat God ferkeard achte en woe him net nei de Heare ta keare. De prysters en it folk harken net nei de profeten, ûnthilligen de timpel en joegen harren oer oan 'e "grousume gewoanten fan 'e heidenfolken". De Heare, de God fan har foarfaars, stjoerde foar en nei boaden, want it dearde Him oan om syn folk en syn wente, mar hja laken Gods boaden út, achten syn wurd net en hiene de gek mei Syn profeten. Dat gong troch oant de grime fan 'e Heare sa grut waard, dat der gjin helpen mear oan wie. Dêrom makke Er, dat de kening fan 'e Chaldeeërs tsjin harren opsetten kaam..... Alles joech God him yn 'e hannen.2 Kroniken 36:15-17

Sjoch ek List fan keningen fan Juda

Kategory:Kening fan Juda Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 7e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 6e iuw f.Kr.