Amon (Hebriuwsk: אָמוֹן) folge yn 'e âldens fan 22 jier syn heit Manasse op as kening fan Juda. It regear fan Amon duorre fan 642 oant 640 f.Kr..
Bibelske skiednis Amon folge it religieuze belied fan syn heit, sa't dy dat yn it earstoan fan syn regear útfierde. Hy brocht offers oan ôfgoaden, dy't syn heit noch makke litten hie. Mar wylst Manasse berou krige fan syn sûnden, bleau Amon him krektoarsom fan 'e Heare fan Israel ôfkearen.
Yn it paleis kamen leden fan it hôf tsjin him yn ferset en deaden him. It folk, dat him ek oerjûn hie oan 'e ôfgoaderij, fermoarde neitiid elkenien dy't oan 'e gearspanning tsjin 'e kening meiwurke hie en rôp Amon's soan Josjía út ta opfolger.2 Keningen 21:19-262 Kroniken 33:21-25
Sjoch ek List fan keningen fan Juda
Kategory:Kening fan Juda Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 7e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 7e iuw f.Kr.