Joächaz (Hebriuwsk יְהוֹאָחָז, * om 631 f.Kr. hinne; † nei 609 f. Kr.) wie de soan en opfolger fan 'e Judeeske kening Josjía.
Doe't Joächaz troch de lânadel fan Juda keazen waard as opfolger fan syn heit wied er 23 jier âld. Joächaz bleau mar in fearnsjier kening en waard troch farao Neko II ôfset en yn Ribla yn it lân Haman finzen set. De farao lei Juda in tribút op fan 100 talinten sulver en ien talint goud. As opfolger wiisde de farao Joächaz' broer Eljakim oan en hy joech him de namme Jojakim.
Joächaz waard troch de farao mei nei Egypte naam en stoar dêr.2 Keningen 23:31-342 Kroniken 36:1-4
Yn it bibelboek Jeremía wurdt Joächaz Sjallûm neamd.Jeremía 22:11 Sjoch ek List fan keningen fan Juda
Kategory:Kening fan Juda Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 7e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 7e iuw f.Kr.