Edwert III (Ingelsk: Edward III; Kastiel fan Windsor (Ingelân), 13 novimber 1312 – Londen, 21 juny 1377) wie kening fan Ingelân fan 1327 oant 1377. Hy stiet bekend om syn súksessen op it slachfjild en teffens om syn politike feardichheden. Nei it jammerdearlik ferrûne regear fan syn heit Edwert II wûn hy it foar in grut part ferlern giene keninklik gesach werom. Under syn regear ûntjoech it Keninkryk Ingelân him ta ien fan 'e sterkste militêre machten fan Jeropa, mar tagelyk koed er de Skotten net de baas yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, en stoarte er syn lân út dynastike abysjes yn 'e Hûndertjierrige Oarloch mei Frankryk, dy't nei syn eigen dea noch lang fuortslepe soe. Edwert III regearre fyftich jier, wêryn't û.m. it Ingelske parlemint wichtige ûntwikkelings trochmakke en Ingelân troffen waard troch de pest.
Libben Jonge jierren Edwert III waard yn 1312 berne yn it Kastiel fan Windsor, yn it Ingelske greefskip Berkshire, en waard sadwaande yn syn jonge jierren gauris oantsjut as Edwert fan Windsor. Hy wie de soan fan kening Edwert II fan Ingelân en dy syn frou Isabella fan Frankryk. It regear fan syn heit waard allegeduerigen pleage troch swierrichheden, dy't Edwert II foar in grut diel oer himsels ôfrôp troch syn ynaktiviteit op mêden lykas de oangeande oarloch mei Skotlân, en troch syn oanhâldende foarlûken fan favoriten. De berte fan in manlike erfgenamt stabilisearre syn regear in hoartsje, en om it prestiizje fan 'e jonge kroanprins noch te fergrutsjen, liet Edwert II him tolve dagen nei syn berte ferheffe ta paltsgreve fan Chester.
Yn 1325 easke de Frânske kening Karel IV dat Edwert II him hulde dwaan soe, om't de kening fan Ingelân tagelyk ek hartoch fan Akwitaanje, yn súdwestlik Frankryk wie, en yn dy hoedanichheid in lienman fan 'e Frânske Kroan. Edwert doarst op dat stuit lykwols syn lân net te ferlitten om't syn befoardieling fan Hugo Despenser de Jongere him wer op raamkoerts mei de Ingelske adel brocht hie, dat sadwaande skode er de titel fan hartoch fan Akwitaanje troch nei syn doe trettjinjierrige soan Edwert III, en stjoerde er dy nei Frankryk ta om Karel IV hulde te dwaan.
De jonge prins waard beselskippe troch syn mem Isabella, dy't de suster fan 'e Frânske kening wie, en dy't foar Edwert II in fredesakkoart mei har broer útûnderhannelje moast. Edwert II hie him tsjin dy tiid lykwols ek fan syn frou witten te ferfrjemdzjen, en doe't se ienris yn Frankryk wie, wegere Isabella noch werom te kommen nei Ingelân. Ynstee sleat se in ferbûn mei de Ingelske balling Roger fan Mortimer, 1e greve fan March, dy't earder troch har man yn it tichthûs smiten wie, mar út 'e Toer fan Londen witten hie te ûntsnappen. Om diplomatike en militêre stipe foar har ûndernimming te winnen, fersei Isabella har soan oan 'e doe tolve jier âlde Filippa fan Henegouwen.
Yn 1326 foelen Mortimer en Isabella tegearre Ingelân binnen oan it haad fan in lyts legerke dat nei de lâning al rillegau oanwoeks trochdat alderhanne malkontinten har derby oansleaten. It rezjym fan Edwert II stoarte yn, en hy flechte nei Wales, dêr't er yn novimber 1326 finzen nommen waard. Op 25 jannewaris 1327 waard er twongen om ôfstân te dwaan fan 'e troan yn it foardiel fan syn doe fyftjinjierrige soan Edwert III, dy't op 1 febrewaris fan datselde jier kroane waard. Dêrnei waard Edwert II finzen set op it Kastiel fan Berkeley, yn Ingelân, dêr't er acht moanne letter, op 21 septimber, kaam te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 43 jier. Histoarisy fermoedzje frij algemien dat er út 'e wei romme is, en binne yn mearderheid fan betinken dat Mortimer dêr de hân yn hie.
It duorre net lang ear't it nije rezjym yn swierwaar rekke troch de sintrale posysje oan it Ingelske Hof dy't Roger fan Mortimer no ynnaam. Mortimer oefene feitliks de macht fan in regint út, en brûkte syn ynfloed om lânerijen en titels te fergarjen. Syn ympopulariteit woeks allinne mar oan troch de fernederjende nederlaach dy't it Ingelske leger tsjin 'e Skotten litte yn 'e Slach by Stanhope Park en de dêropfolgjende Frede fan Edinburch-Northampton, fan 1328, wêrby't it Keninkryk Skotlân syn ûnôfhinklikheid foar trijehûndert jier weromwûn. Los fan sokke steatssaken rekke Edwert III ek op it persoanlike flak mei Mortimer deilis, mei't dyselde wist dat syn posysje prekêr wie, en himsels mear oansjen besocht te jaan troch de jonge kening te misledigjen. It spul kaam ta in klimaks nei't Edwert en Filippa, dy't op 24 jannewaris 1328 troud wiene, op 15 juny 1330 in soan krigen, Edwert, dy't letter bekend komme soe te stean as 'de Swarte Prins'. Uteinlik besleat Edwert III om mei help fan syn selskipsman Willem fan Montagu, greve fan Salisbury en ferskate oare fertroulingen aksje te ûndernimmen. Se kamen Mortimer op 19 oktober 1330 yn it Kastiel fan Nottingham oer it mad, wêrnei't Edwert III him op 29 novimber terjochtstelle liet.
Oarloch mei Skotlân Edwert III wie djip ûntefreden oer de frede dy't mei Skotlân sletten wie, en besleat dêrom de saneamde 'Unterfden' te stypjen, sij it yn 't earstoan yn it geheim. De Unterfden wiene in groep Skotske eallju dy't ferballe en ûnteigene wiene om't se it yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch mei de Ingelsen holden hiene. In pikant detail wie dat harren lieder Edwert fan Balliol wie, de soan fan Jan fan Balliol, de kening fan Skotlân dy't yn 1296 troch Edwert III syn pake Edwert I ôfset wie. Mei in leger fan ballingen en hierlingen lâne Balliol yn 1332 op 'e Skotske eastkust, wêrnei't er ferrassend it Skotske regearingsleger in slimmen nederlaach wist ta te bringen yn 'e Slach by Dupplin Moor. Doe't er lykwols besocht en meitsje himsels kening fan Skotlân yn it plak fan 'e jonge David II, waard er rillegau it lân útdreaun.
Yn maart 1333 kearde Balliol mei in wergroepearre striidmacht werom nei Skotlân, dêr't er de grinsstêd Berwick-upon-Tweed belegere. Doe't de Skotten in tsjinoanfal útfierden, naam Edwert III dat as in ferlechje oan om him mei Ingelske troepen yn 'e oarloch te mingen. Op 19 july 1333 troffen de Ingelske en Skotske legers inoar yn 'e Slach by Halidon Hill, in pear kilometer bewesten Berwick, dêr't de Skotten in swiere nederlaach litten. Balliol krige dêrnei it regear oer in oansjenlik diel fan Skotlân yn 'e hannen, en stie yn july 1334 by it Ferdrach fan Newcastle in grut part fan Súd-Skotlân oan Ingelân ôf, wêrûnder it hiele Súdskotsk Berchlân en in grutte stripe fan it leechlân, de stêden Edinburch, Roxburgh, Peebles, Dumfries, Linlithgow en Haddington ynbegrepen. Edwert III hold de Skotske wetjouwing yn dy gebieten yn stân, mar stelde der wol syn eigen bestjoerders oan. De iere oerwinnings blieken lykwols dreech te konsolidearjen tsjin it koppige ferset fan 'e Skotten yn, en geandewei de folgjende jierren gie it grutste part fan it ferovere gebiet wer ferlern. Yn 1338 wie Edwert III sels twongen en slut in wapenstilstân mei de Skotten.
Oarloch mei Frankryk De reden foar it kearen fan it tij yn Skotlân wie dat Frankryk, troch de Auld Alliance in langjierrige bûnsgenoat fan Skotlân, him yn 1337 yn 'e striid mongen hie. Lettere soe bliken dwaan dat dat it begjin fan 'e Hûndertjierrige Oarloch wie. Frânske oarlochsskippen fierden oanfallen út op Ingelske havenstêden, en siedden sa panyk oer in Frânske ynfaazje fan Ingelân, dy't lykwols nea kaam. Dochs wie Edwert III twongen om troepen út Skotlân werom te lûken foar it gefal dàt. Hoewol't de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch in wichtige katalysator wie foar de oarloch tusken Frankryk en Ingelân, wie it net de oarsaak. Dat wie de noch altyd problematyske feodale relaasje tusken de Ingelske en de Frânske kening. Om't Edwert III him noch altyd gjin hulde dien hie as hartoch fan Akwitaanje en greve fan Pontelân (Ponthieu, yn noardlik Frankryk), lei de Frânske kening Filips VI yn 1337 beslach op dy beide gebieten. Ynstee dat Edwert III belies joech en de lienrelaasje formalisearre, sa't syn heit dien hie, reägearre er troch it keningskip fan Frankryk op te easkjen as pakesizzer (fia syn mem) fan 'e Frânske kening Filips IV. Yn Frankryk wie lykwols de Salyske wet fan krêft, dy't erfopfolging fia de froulike line útsleat. Sadwaande wie Filips VI, in omkesizzer fan Filips IV, de rjochtmjittige troanopfolger.
Yn 't earstoan besocht Edwert III en slút anty-Frânske bûnsgenoatskippen mei oare foarsten, lykas keizer Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk. Dat smiet lykwols net folle resultaten op. Underwilens soarge de finansjele druk dy't feroarsake waard troch Edwert syn oarloggen foar ûntefredenens oan it thúsfront. It bestjoer fan Ingelân rûn fêst troch de heech oprinnende nasjonale skuld, wylst de kening en syn generaals har op it fêstelân fan Jeropa lulk makken oer it falen fan it regear om mei jild foar de oarloch oer de brêge te kommen. Uteinlik reizge Edwert ein 1340 werom nei Londen dêr't er regaad makke troch it regear te suverjen fan in grut tal ministers en oare hege funksjonarissen. Ynstee dat er dêrmei in stabyl bestjoer skoep, brocht dat him yn botsing mei Jan fan Stratford, de aartsbiskop fan Canterbury, doe't er dy syn famyljeleden Robert fan Stratford, biskop fan Chichester, syn titels ôfnaam en Hindrik fan Stratford yn it tichthûs smite liet. Yn april 1341 waard der in beskate fermoedsoening berikt yn it parlemint, wêrby't de kening strange beheinings oangeande syn finansjeel en bestjoerlik foech akseptearje moast yn ruil foar in belestingbea. Yn oktober fan dat jier werrôp Edwert dy oerienkomst lykwols nei't er aartsbiskop Stratford polityk isolearre hie.
Nei 1342 hold Edwert III op mei it sluten fan fergese alliânsjes, en begûn er syn eigen legers aktiver yn te setten, net inkeld tsjin Frankryk sels, mar ek by in yntervinsje yn 'e Bretonske Súksesjeoarloch. Yn 1346 stiek Edwert mei in leger fan 15.000 man oer nei Normandje, dêr't der de stêd Caen plondere en troch Noard-Frankryk nei Flaanderen marsjearre, dêr't in oar Ingelsk leger lei. Op 26 augustus fersloech Edwert in folle grutter Frânsk leger yn 'e Slach by Crécy. Koarte tiid letter waard yn it noarden fan Ingelân yn 'e Slach by Neville's Cross it Skotske leger ferslein en de Skotske kening David II (dy't troud wie mei Edwert syn suster Jehanna fan de Toer) kriichsfinzen nommen. No't er derop fertrouwe koe dat syn noardgrins feilich wie, sette Edwert syn fjildtocht yn Frankryk fuort, wêrby't er belis sloech foar de wichtige havenstêd Kalês. Dy belegering wie de grutste Ingelske ûndernimming út 'e Hûndertjierrige Oarloch, dêr't mear as 35.000 man by belutsen wiene. Nei in belis fan alve moanne joegen de ferdigeners fan Kalês har op 3 augustus 1347 oer. De havenstêd soe dêrnei oant 1558 yn Ingelske hannen bliuwe.
De pest Nei de fal fan Kalês waard Edwert III troch dingen dy't er net yn 'e macht hie, twongen om syn oarlochsynset te beheinen. Yn 1348 waard Ingelân nammentlik troffen troch de pest, of de Swarte Dea, sa't dizze epidemy neamd waard. Dêrby kaam in trêdepart of in sels noch grutter oanpart fan 'e befolking om it libben, wat late ta in grut tekoart oan mankrêft yn 'e lânbou, en sadwaande ta in navenant grutte stiging fan 'e arbeidskosten. Dêrtroch kamen grutgrûnbesitters yn 'e finansjele swierrichheden, mei as gefolch dat der minder belesting nei de skatkiste streamde. Dêrop griep de kening yn. Om it near te lizzen op fierdere stiging fan 'e arbeidskosten waard yn 1349 de Arbeidersordinânsje ôfkundige, yn 1351 folge troch it Arbeidersstatút. Sok besykjen ta leanregulearring koe op 'e lange termyn net wurkje, mar op 'e koarte termyn wie it tige effektyf. De pestepidemy late net ta in folslein ynstoarten fan regear en maatskippij, en de faasje wêrmei't it lân neitiid wer by de wâl opklaude, wie opmerklik. Dat wie foar in grut part te tankjen oan it kompetinte liederskip fan 'e grutskathâlder Willem fan Shareshull en de opperrjochter Willem fan Edington.
Ferfetting fan 'e oarloch