De Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch wie in militêr konflikt tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân, dat diel útmakke fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. It begûn yn 1332, doe't in stikmannich ferballe Skotske eallju dy't it yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1296-1328) mei de Ingelsen holden hiene, mei stipe fan kening Edwert III fan Ingelân in ynfal yn Skotlân diene. Dêrút kaam sawol in Skotske boargeroarloch fuort as in oarloch tusken Skotlân en Ingelân. De jonge kening David II fan Skotlân moast al rillegau beskûl sykje yn Frankryk, en syn lân waard lange tiid foar him regearre troch saneamde beskermhearen. Nei't er úteinlik weromkeard wie, joech er sels lieding oan in ynfal yn noardlik Ingelân, wêrby't er yn 1345 in nederlaach litte en kriichsfinzen nommen waard. De oarloch einige yn 1357 mei de frijlitting fan David II troch de Ingelsen yn ruil foar de betelling fan in ûnbidich hege lospriis troch de Skotten. Op ynternasjonaal mêd wie de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch in wichtige katalysator foar it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk yn 1337.
Foarskiednis De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch begûn yn 1296, doe't kening Edwert I fan Ingelân it Skotske leger fersloech yn 'e Slach by Dunbar en de doetiidske kening fan Skotlân, Jan fan Balliol, twong en doch ôfstân fan 'e troan. Neitiid fûnen der yn Skotlân ferskate opstannen plak tsjin 'e Ingelske oerhearsking, wêrûnder dy fan William Wallace, dy't yn 1305 yn Londen terjochtsteld waard, en dy fan Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't himsels yn 1306 kroane liet ta kening Robert I fan Skotlân en sa it Hûs Bruce op 'e Skotske troan brocht. De oarloch einige yn 1328 mei de Frede fan Edinburch-Northampton, dy't Robert I de jonge Edwert III fan Ingelân opkrong koart nei't dy syn heit, kening Edwert II, yn 1327 ôfset en fermoarde wie. Doe't Robert I fan Skotlân yn 1329 kaam te ferstjerren, wie syn keninkryk sadwaande wer in ynternasjonaal erkend ûnôfhinklik lân, mei syn fiifjierrige soan David II as kening en syn fertrouling Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, as regint (mei de formele titel fan beskermhear fan Skotlân).
De frede wie lykwols net in lang libben beskern, mei't Edwert III by it sluten derfan net op eigen manneboet hannele hie, mar ûnder druk fan syn eigen regint, Roger fan Mortimer, 1e greve fan March, en syn mem, Isabella fan Frankryk. Yn Ingelân kaam it Ferdrach fan Edinburch-Northampton bekend te stean as "de skandlike frede", en wie de publike opiny der faaljekant op tsjin. Fierders wie der gjin rekken holden mei de saneamde 'Unterfden', in oansjenlike groep Skotske eallju dy't it mei de Ingelsen holden hie, en dy't sadwaande lân en besit kwytrekke wiene. Nei't er yn 1331 Mortimer terjochtstelle litten hie en it regear oer Ingelân yn eigen hân nommen hie, harke Edwert III nei Edwert fan Balliol doe't dy syn saak by him bepleite.
Balliol wie de âldste soan en erfgenamt fan Jan fan Balliol, de Skotske kening dy't yn 1296 troch Edwert III syn pake ôfset wie. As lieder fan 'e Unterfden frege er Ingelske stipe foar it weromwinnen fan 'e ôfnommen besittings fan dyselden. Edwert III brocht de easken fan Balliol oer oan 'e Skotske regint Moray, dy't besocht tiid te winnen om't er der raar foar siet. Oan 'e iene kant woe nimmen yn Skotlân op 'e nij oarloch mei Ingelân, mar oan 'e oare kant koe fan it weromjaan fan 'e konfiskearre lânerijen fan 'e Unterfden gjin sprake wêze, mei't dy ûnderwilens al tsientallen jierren yn it besit wiene fan oan oanhingers fan it Hûs Bruce. Op 22 april 1332 liet Edwert III by Moray op 'e nij neifraach nei de saak dwaan, en hoewol't de Ingelske kening dêr gjin iepentlike stipe foar bea, sette Balliol om dyselde snuorje útein mei it tarieden fan in ynfal yn Skotlân.
De ynfal fan 'e Unterfden Yn 'e simmer fan 1332 lânen Balliol en de Unterfden mei in legerke hierlingen op 'e eastkust fan Skotlân. It Skotske bestjoer wie doe krekt slim yn dusoarder om't de regint, Moray, op 20 july 1332 hommels ferstoarn wie. Doedestiden miende men dat er fergiftige wie troch de Ingelsen, mar moderne histoarisy hâlde it derop dat er ferkaam oan in nierstien. De mei tûzen hasten ynswarde nije regint, Donald II, greve fan Mar, kaam tsien dagen letter mei in grut tal oare loyalistyske Skotske eallju om yn 'e Slach by Dupplin Moor, it earste gruttere militêre treffen fan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, wêryn't de Unterfden ferrassend it regearingsleger fersloegen.
Neitiid wûnen de rangen fan 'e Unterfden oan mei lju dy't neat mei it Hûs Bruce op hiene. Op 24 septimber liet Edwert fan Balliol himsels ta kening fan Skotlân kroane, wêrnei't er optriek nei Roxburgh. Dêr kaam de ridder Andréas fan Murray him tenei, dy't troch syn houlik mei Kristina fan Bruce in omke fan David II wie, en nei de dea fan 'e greve fan Mar oansteld wie ta beskermhear fan Skotlân. Balliol wist de oanfal lykwols ôf te slaan, en Murray waard kriichsfinzen nommen.
Fanút Roxburgh erkende Balliol op 23 novimber Edwert III fan Ingelân as syn lienhear en bea er dyselde in grut diel fan súdlik Skotlân oan as tank foar syn stipe. Ek liet er witte ree te wêzen om mei Edwert syn suster Eleönoara fan Woodstock te trouwen, en ûnthiet er de Ingelske kening tenei yn al syn oarloggen bystean te sillen. As er datoangeande syn wurd briek, soe it de Ingelsen frijstean om by wize fan strafmaatregel hiel Skotlân te anneksearjen. Neitiid loek Balliol him werom te Annan, oan 'e súdkust fan Annandale, dêr't lykwols by nacht en ûntij Archibald Douglas him oer it mad kaam, dy't oansteld wie ta regint nei't Murray finzen nommen wie. Balliol wie twongen om halje-trawalje de wyk te nimmen en oer de Ingelske grins hinne te ûntkommen.
De ynfal fan Edwert III Werom yn Ingelân brocht Balliol fannijs hulde oan Edwert III, dy't no iepentlik syn stipe foar de man útspriek. Yn maart 1333 kearde Balliol mei in wergroepearre legermacht werom nei Skotlân, dêr't er de grinsstêd Berwick-upon-Tweed belegere. Doe't de Skotten in tsjinoanfal útfierden, naam Edwert III dat as in ferlechje oan om him mei Ingelske troepen yn 'e striid te mingen. Op 19 july 1333 troffen de Ingelske en Skotske legers inoar yn 'e Slach by Halidon Hill, in pear kilometer bewesten Berwick, dêr't de Skotten in swiere nederlaach litten. In protte Skotske eallju sneuvelen, wêrûnder de regint Archibald Douglas. Fan gefolgen waard it neitiid te gefaarlik achte foar de minderjierrige kening David II om yn Skotlân te bliuwen, en yn 'e mande mei syn like jonge keninginne Jehanna fan de Toer (dat in suster fan Edwert III wie) en syn hofhâlding waard er oersee yn ballingskip stjoerd yn Frankryk, dêr't de Skotten yn it ramt fan 'e Auld Alliance in bûnsgenoatskip mei ûnderholden.
Yn febrewaris 1334 liet Balliol, dy't him no wier kening fan Skotlân waande, in parlemint gearroppe, wêryn't er syn status as fazal fan Edwert III erkende en de stêd Berwick-upon-Tweed foar ivich as in ûndielber besit fan 'e Ingelske Kroan ôfstie. Yn july fan datselde jier stied er by it Ferdrach fan Newcastle noch in oansjenlik grutter diel fan Súd-Skotlân oan Ingelân ôf, wêrûnder it hiele Súdskotsk Berchlân en in grutte stripe fan it leechlân, de stêden Edinburch, Roxburgh, Peebles, Dumfries, Linlithgow en Haddington ynbegrepen. Edwert III hold de Skotske wetjouwing yn dy gebieten yn stân, mar stelde der wol syn eigen bestjoerders oan.
Boargeroarloch yn Skotlân No't de Unterfden harren mienskiplike doel berikt hiene, rekken se ûnderling deilis fanwegen tsjinstelde belangen. Balliol syn trije wichtichste oanhingers wiene Richard fan Talbot, Hindrik fan Beaumont en David III fan Strathbogie. Doe't Aleksander fan Mowbray Balliol frege om 'e lânerijen fan syn broer, dy't stoarn wie sûnder manlike neikommelingen, die bliken dat Talbot, Beamont en Strathbogie elts ek fia ien fan 'e trije dochters fan Mowbray syn broer rjocht op dy lânerijen mienden te hawwen. Balliol ornearre lykwols dat fererving fia de manlike line gie, en joech it grûnbesit oan Mowbray, mei as gefolch dat Talbot, Beaumont en Strathbogie har út it kamp fan 'e Unterfden weromloeken om it rjocht yn eigen hân te nimmen.
Wylst syn bûnsgenoaten Balliol yn 'e steek lieten, waarden syn fijannen sterker. Skotske oarlochsskippen leine foar de kust om 'e befoarrieding fan syn troepen út Ingelân wei ôf te snijen, en de finzen Andréas fan Murray brocht daliks nei syn frijlitting yn 1334 wer in leger fan loyalisten op 'e foet om 'e striid tsjin 'e Unterfden te ferfetsjen. Dêrop besocht Balliol syn trije foarnaamste bûnsgenoaten te troaikjen troch syn stipe oan Mowbray yn te lûken, mei as iennichste gefolch dat Mowbray oerrûn nei de loyalisten. Faninoar isolearre blieken de Unterfden maklike doelwiten. Talbot waard finzen nommen troch Willem Keith fan Galston en fêstset yn it Kastiel fan Dumbarton. Murray en Mowbray belegeren Beaumont yn it Kastiel fan Dundarg en twongen him om de wyk te nimmen nei Ingelân. En Strathbogie, dy't fan Balliol de lânerijen krigen hie fan Robert Stewart, de omkesizzer fan David II (dy't him úteinlik opfolgje soe as Robert II fan Skotlân), waard troch Stewart en Murray hjitfolge nei Lochaber, dêr't er him oerjoech en ûnthiet om tenei de loyalistyske saak te tsjinjen. Balliol sels loek him werom op Berwick-upon-Tweed, mar koe it meastepart fan syn troepen der net fan wjerhâlde om oer te rinnen nei de loyalisten.
Eskalaasje Begjin 1335 eskalearre de oarloch doe't de Frânsen yn febrewaris de Skotten begûnen te befoarriedzjen en in leger fan 6.000 man gearbrochten om yn Skotlân oan 'e oarloch diel te nimmen. Underwilens brocht Edwert III in leger fan 13.000 man op 'e foet, dêr't er yn july 1335 op trije fronten Skotlân mei oanfoel. Wylst de Ingelske float de Firth fan Clyde opfear, late Edwert sels it grutste part fan syn leger noardoan út Carlisle wei en marsjearre Balliol mei de rest op út Berwick-upon-Tweed. Hja metten net folle wjerstân en kamen by Glasgow byinoar. Kening Filips VI fan Frankryk stjoerde Edwert III dêrop in ultimatum: òf de Ingelske kening soe syn skeel mei Skotlân foar arbitraazje foarlizze oan Frankryk en de paus, òf Frankryk soe him aktyf yn 'e oarloch minge. Edwert wegere oan 'e Frânske easken ta te jaan.
Yn 'e simmer fan 1335 waarden sawol Robert Stewart as David III fan Strathbogie troch de Ingelsen twongen om har oer te jaan. Strathbogie rûn dêrnei fannijs oer en tsjinne de Ingelske saak sa fanatyk dat er yn Skotlân berucht waard om syn tiranny. De rest fan 'e loyalisten, ûnder lieding fan Andréas fan Murray, dy't op 'e nij beneamd wie ta beskermhear fan Skotlân, sleat mids oktober in bestân mei de Ingelsen, mar dêrfan wiene Balliol en de Unterfden útsletten. Strathbogie sloech belis foar it Kastiel fan Kildrummy, wêrfan't it garnizoen oanfierd waard troch Murray syn frou, Kristina fan Bruce. Dêrop setten Murray en de koartby út Ingelske kriichsfinzenskip frijlitten Willem Douglas, hear fan Liddesdale, dy kant út mei in leger dat û.m. Noarske troepen omfette dy't stjoerd wiene troch Kristina har suster Isabella fan Bruce, de keninginne-dûairiêre fan Noarwegen. Yn 'e Slach by Culblean waard Strathbogie syn leger troch Murray-en-dy útinoar slein en hysels deade. Dat wie de earste fan in stikmannich oerwinnings tsjin Balliol en de Unterfden dy't stadichoan harren ynfloed yn Skotlân teneate die.