Nebel im August (Frysk: Mist yn Augustus) is in film fan de Dútske regisseur Kai Wessel. De film is basearre op it boek Nebel im August: Die Lebensgeschichte des Ernst Lossa fan de skriuwer Robert Domes. De film gyng op 29 septimber 2016 yn de Dútske stêd Essen yn premjêre.
Ferhaal Nebel im August lit it wier barde ferhaal sjen fan de 13-jierrige Ernst Lossa yn it begjin fan de jierren 1940. Ernst is in bern út de semy-nomadyske minderheid fan de Jeenjers. Yn 1942 wurdt er fan syn famylje skieden, syn mem is dan al ferstoarn, en as in dreech op te fieden jonge yn in psychiatryske ynstelling yn Súd-Dútslân ûnderbrocht.
Erst Lossa stiet yn de film foar de likernôch 200.000 slachtoffers, dy't yn de oarlochsjierrren tidens de Aktion Gnadentod troch artsen en ferpleegjend persoaniel yn de psychiatryske sikenhûzen en ynstellings fan Nazy-Dútslân fermoarde waarden.
De film waard yn Dútslân meardere kearen bekroand.
Rolferdieling Ivo Pietzcker: Ernst Lossa Sebastian Koch: Dr. Walter Veithausen Fritzi Haberlandt: suster Sophia Henriette Confurius: Edith Kiefer Thomas Schubert: Paul Hechtle Branko Samarovski: Max Witt David Bennent: Oja Jule Hermann: Nandl Niklas Post: Josef Karl Markovics: Christian Lossa Carla Karsten: Amelie Riemann
Keppeling om utens IMDb Nebel im August
Kategory:Dútske dramafilm Kategory:Dútske biografyske film Kategory:Dútske histoaryske film Kategory:Eastenrykske dramafilm Kategory:Eastenrykske biografyske film Kategory:Eastenrykske histoaryske film Kategory:Dútsktalige film Kategory:Jeenjers Kategory:Film oer de Holokaust Kategory:Film oer nazy-Dútslân Kategory:Film oer in bern Kategory:Film út 2016 Kategory:Film basearre op wiere foarfallen