Joäsj (Hebriuwsk: יוֹאָשׁ) wie in kening fan it keninkryk Juda. It regear fan Joäsj wurdt tusken de jierren 835 - 796 f.Kr. datearre.

Joäsj wie de iennige telch fan it Hûs fan David dy't oan 'e prinsemoard fan 'e tirannike Atalja ûntkaam. Nei't kening Achazja yn Israel troch in moard ferstoar, liet Atalja, Achazja's mem dy't út Israel kaam en in strategysk houlik sletten hie mei syn heit Joaram, alle soannen út it Hûs fan David mei in oanspraak op 'e troan ombringe. Sa koe Atalja allinnich oer it lân hearskje.

Joäsj waard lykwols troch Josjabat, in suster fan 'e fermoarde kening, op 'e tiid út it paleis helle en dûkte ûnder yn 'e timpel by de hegepryster Jojada. Nei't Atalja seis jier keninginne wie en Joäsj sân waard, like it Josjaba geunstich om him ta kening te kroanen. Nei't Jojada him fersekere hie fan foldwaande stipe en beskerming, makke hy bûten it witten fan 'e keninginne it lân op foar de kroaning fan Joäsj. De keninginne kaam der pas achter doe't de opstân al oan 'e gong wie en Joäsj al kroand wie ta de nije kening fan Juda. In lilke Atalja besocht it feest noch te fersteuren, mar hja waard grepen en by de poarte fan it paleis om it libben brocht.

As kening tsjinne Joäsj it lân sa lang as de hegepryster Jojada libbe sa't God dat ha woe. Hy liet de timpel restaurearje en liet foar dat doel in ûnbidich grut bedrach ynsammelje. Mar nei de dea fan Jojada liet de kening syn earen hingje nei oaren en op 'e nij krige de ôfgoaderij wer alle kâns yn it lân. Nei profeten dy't de elite fan it lân oprôpen om wer it rjochte paad te gean waard net harke. Oant Sekarja, de soan fan Jojada, it folk taspriek. Hy warskôge dat no't Juda him ôfkearde fan 'e Heare, de Heare Him ek ôfkeare soe fan Juda. Sekarja waard oppakt en yn opdracht fan 'e kening op it foarhôf fan 'e timpel stiennige.

Sa liet de kening de soan fan syn rêder deadzje, dy't stoar mei de wurden "Lit de Heare it sjen en wraak nimme". Dêrop foel Aram-Damaskus it lân binnen. It Arameeske leger plondere Jeruzalim en de ôftocht fan 'e Arameeërs waard betelle mei al it goud út 'e timpel en it paleis. Mei kening Joäsj kaam it net mear goed. Syn eigen tsjinners fermoarden him, in noch ferlette wraakaksje om't er Sekarja deadzje litten hie. Joäsj hie fjirtich jier regearre en waard opfolge troch Amasja.2 Keningen 12 2 Kroniken 22; 23

Sjoch ek List fan keningen fan Juda

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Juda Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 9e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 8e iuw f.Kr.