Petra Maria Laseur (Amsterdam, 26 novimber 1939 - dêre, 11 april 2025) wie in Nederlânske aktrise.
Se is in dochter fan aktrise Mary Dresselhuys en akteur, regisseur en tonieldirekteur Cees Laseur en de jongere suster fan sjoernaliste Merel Laseur. Se wie boaske oan de dichter Martin Veltman.
Laseur krige har oplieding oan de Amsterdamske Toanielskoalle. Se begûn har toanielkarriêre yn 1959 yn it toanielstik Geleerde Dames (De Nederlandse Comedie) en makke jierrenlang diel út fan it ensemble fan it Amsterdamske Publyksteäter. Yn 1986 ferhuze se nei de Toanielgroep Amsterdam. Trije jier letter wurke se suksesfol as freelance aktrise sûnder dat se by in ensemble wie.
Se joech letter ruterlik ta, dat se doelbewust in oare rjochting as har mem keazen hie; se hold net fan swiere stikken en ek it stjerredom luts har net. Letter joech hja les oan de toanielskoalle.
Film Het afscheid (1966) There's no place like home (1974) Flanagan (1975) Achter glas (1981) De mannetjesmaker (1983) Familie (2000) Bella Bettien (2002) Bride Flight (2008) Nooit te oud (2013) Viskom (short) (2014)
Radio De oorlogskoningin (2015) 'Wilhelmina als oorlogskoningin. Hoorspel Tomas Ross bij OVT', NPO Geschiedenis, 17 maart 2015
Telefyzje De stille kracht (1974) Dossier Verhulst (1986) Zaterdagavondcafe (1992) Unit 13 (1998) Rozengeur & Wodka Lime (2005) Man & Paard (2006) Levenslied (2010)
Teäter Soldaat van Oranje (musical) (2011) We want more'' (2016)
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk musicalakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Persoan stoarn yn 2025