Edwert I (Ingelsk: Edward I; Paleis fan Westminster, 17 juny 1239 – Burgh by Sands, 7 july 1307) wie kening fan Ingelân fan 1272 oant 1307. Fanwegen syn lingte waard er wol Edwert Langskonk (Ingelsk: Edward Longshanks) neamd, en fanwegen syn ûnmeilydsume polityk oangeande Skotlân stied er bekend as de Skottehammer (Ingelsk: Hammer of the Scots; Latyn: Malleus Scotorum). Nei iere yntriizjes tsjin syn heit, kening Hindrik III, bleau er dyselde trou ûnder de opstân fan in grut part fan 'e Ingelske adel yn 'e Twadde Baronne-oarloch. Letter joech er him by de Njoggende Krústocht nei it Hillige Lân.

Nei't er syn heit opfolge wie, sette er útein mei in ekspansjonistysk belied foar de oare dielen fan 'e Britske Eilannen oer. Nei ferskate opstannen tsjin 'e Ingelske oerhearsking fan Wales ferovere Edwert dat gebiet yn 1282-1283 foargoed. Doe't yn 1290 de Skotske troan fakant rekke, seach er syn kâns skoan om ek dat lân by Ingelân te lûken. Mar nettsjinsteande syn snoade yntriizjes en syn ûnmeilydsum fanwegen kommen, krige er de Skotten der net ûnder. Fierders wie Edwert I de kening dy't yn 1290 de Joaden út Ingelân ferballe (in dwaan dat pas yn 1656 troch Oliver Cromwell weromdraaid waard). Nettsjinsteande it feit dat er yn hege mjitte bydroech ta de restauraasje fan 'e keninklik gesach, bettere wetjouwing en in sintralisearre bestjoer, liet Edwert Ingelân by syn dea efter yn in slepende oarloch mei de Skotten en mei in grut tal ekonomyske en politike problemen.

Libben Jonkheid Edwert waard yn 'e nacht fan 17 op 18 juny 1239 berne yn it Paleis fan Westminster, as de âldste soan fan kening Hindrik III fan Ingelân en dy syn frou Eleönoara fan de Provâns. De Ingelske foarnamme Edward is fan Angelsaksyske oarsprong en wie dêrom nei de Normandyske Ferovering fan Ingelân yn 1066 yn ûnbrûk rekke ûnder de Ingelske adel, mar Hindrik wie tawijd oan 'e ferearing fan 'e hillich ferklearre Angelsaksyske kening Edwert de Belider, en besleat sadwaande syn soan nei dyselde te ferneamen. Hoewol't der in beskate noed bestie oer de sûnens fan 'e jonge prins, dy't yn 1246, 1247 en jitris yn 1251 slim siik rekke, ûntjoech Edwert him ta in ymposant man, mei in lingte fan 1.88 m. Dêrmei tuorre er fier út boppe de measten fan syn tiidgenoaten, en dêrom krige er al jong de bynamme 'Langskonk' (Longshanks) taparte.

Yn 1254 brocht eangstme foar in Kastyljaanske ynfaazje fan it Ingelske oerseeske gebietsdiel Gaskonje (oan 'e Atlantyske kust fan súdwestlik Frankryk) Hindrik III derta om in houlik foar syn fjirtjinjierrige soan te regeljen mei Eleönoara, de dochter fan kening Alfûns X fan Kastylje. It jonge pear troude op 1 novimber fan dat jier yn Kastylje. It hat der sterk fan wei dat Edwert en Eleönoara wier faninoar holden, wat ûngebrûklik wie foar sokke arranzjearre houliken. Hoewol't Edwert al op jonge jierren Gaskonje as syn persoanlik domein taparte krige, en nei syn houlik ek in protte lânerijen yn Ierlân, Wales en Ingelân, wie dat sa bewurkmastere dat er der yn 'e praktyk noch bestjoersmacht, noch in soad ynkomsten út krije koe. It hat wol kâns dat dat de boarne wie fan in grut diel fan 'e ûntefredenens fan 'e prins. Dy ûntefredenens kaam û.m. ta utering yn syn iere stipe oan 'e saneamde Poitevynske faksje oan it Ingelske Hof, de kliber dy't oanfierd waard troch de healbruorren fan Hindrik III, en yn syn trochkrusen fan syn heite belied ta bemiddeling tusken tsierende aadlike famyljes yn Gaskonje.

Letter fersette Edwert him earst fûleindich tsjin 'e Profyzjes fan Oxford, in foarstel fan herfoarmingsgesinde Ingelske eallju dat de macht fan útlanners oan it Ingelske Hof oan bannen lizze moast. Meitiid feroare er lykwols fan miening, en ein 1259, doe't syn heit om utens wie, begûn er efter dy syn rêch om te yntrigearjen mei de herfoarmers. Dêrmei jage er syn heit, dy't miende dat er in steatsgreep oan it tarieden wie, de stupen op it liif. Nei ferskate jierren fan wat delkaam op ballingskip yn Gaskonje, kearde Edwert yn 1262 werom nei Ingelân, dêr't Simon fan Montfort, greve fan Leicester himsels ûnderwilens oan it haad fan 'e herfoarmers pleatst hie. Doe't er murk dat de herfoarmingsgesinde eallju op it rântsje fan in iepentlike opstân balansearren en dat syn heit op it punt stie om belies te jaan, stelde Edwert him ûnferwrigber oan 'e side fan syn heit op.

De Twadde Baronne-oarloch Doe't arbitraazje tusken de beide partijen troch kening Loadewyk IX fan Frankryk neat opsmiet, briek yn 1264 de saneamde Twadde Baronne-oarloch út, in boargeroarloch, wêryn't in grut part fan 'e Ingelske adel him ûnder lieding fan 'e greve fan Leicester iepentlik tsjin 'e kening kearde. Yn dat konflikt stelde Edwert him oan it haad fan 'e royalistyske troepen. Oan it begjin fan 'e oarloch werovere er de stêd Gloucester op 'e rebellen. Doe't Robert fan Ferrers, greve fan Derby de opstannelingen te help kaam, sleat Edwert in wapenstilstân mei him, dy't er letter sels briek. Dêrtroch krige er de namme in ûnbetrouber man te wêzen. Neitiid ferovere Edwert de stêd Northampton op Simon VI fan Montfort, de soan fan 'e greve fan Leicester, foar't er de lânerijen fan Derby plonderje liet.

Op 14 maaie 1264 fierder er it befel oer de rjochterfleugel fan it royalistyske leger yn 'e Slach by Lewes, dêr't er sels goed wurk levere, mar de fjildslach troch de nederlaach fan 'e rest fan it royalistyske leger ferlern waard. Neitiid brocht Edwert in pear wiken yn kriichsfinzenskip troch oant er op 28 maaie wist te ûntsnappen. Hy joech him dêrnei by Gilbert fan Clare, 6e greve fan Gloucester, dy't koart tefoaren oerrûn wie nei it royalistyske kamp. Mei't Leicester syn oanhing no begûn ôf te kealjen, koe Edwert sûnder in protte muoite Worcester en Gloucester ynnimme. Dêrnei died er in wraam op it Kastiel fan Kenilworth, dêr't Simon VI fan Montfort him weromlutsen hie, en snied er dat ôf fan it leger fan Leicester. Op 4 augustus 1265 waard Leicester, en mei him de saak fan 'e rebellen, foargoed ferslein yn 'e Slach by Evesham. Hoewol't de opstân noch twa jier oanhâlde soe, wie it fan dy tiid ôf oan foar de royalisten mear in saak fan opdweilen as fan serieus oarlochfieren.

De Njoggende Krústocht Edwert wie mar sydlings belutsen by de ûnderhannelings mei de lêste rebellen dy't yn 1267 in ein oan 'e Twadde Baronne-oarloch makken, om't er tsjin dy tiid al folop oan 'e gong wie mei it organisearjen fan syn oankommende krústocht. By in swide seremoanje naam er op 24 juny 1268 it krúsfarderskrús oan, yn 'e mande mei syn jongere broer Edmond en syn neef Hindrik fan Almain. Uteinlik sette er op 20 augustus 1270 ôf út 'e haven fan Dover, mei sa'n 225 ridders, mar nei alle gedachten minder as tûzen man yn totaal. It Frânske kontingint foar de krústocht wie doe al arrivearre op Sisylje.

Hoewol't it oarspronklik de bedoeling west hie om it troch de Arabieren belegere krúsfardersbolwurk Akre, yn it Hillige Lân, te ûntsetten, lieten de Frânsen har ôfliede troch har eigen nasjonale polityk. Se diene in wraam op it Emiraat Tunis, om te besykjen in Frânsk brêgehaad op 'e kust fan Noard-Afrika te fêstigjen, mar waarden troffen troch in epidemy dy't kening Loadewyk IX it libben koste. Tsjin 'e tiid dat Edwert op it striidtoniel oankaam, hiene de Frânsen al in ferdrach mei Tunis sletten, en siet der neat oars op om wer werom nei Sisylje. Dêr waard oerwintere, mar de oare maityd besleat de nije Frânske kening Filips III nei't syn float foar de Sisyljaanske kust troch in ferwuostgjende stoarm troffen wie, om 'e krústocht mar hielendal ôf te blazen.

Dêrop sette it Ingelske kontingint allinnich ôf en arrivearre op 9 maaie 1271 te Akre, dat nei de fal fan Jeruzalim, yn 1244, it sintrum fan 'e krúsfarderssteat wurden wie. De sitewaasje dêr wie nuodlik, mei't de Arabieren ûnder lieding fan 'e ûnmeilydsume Mammelûkske sultan Baibars oan in opmars begûn wiene. Edwert stjoerde in gesantskip nei de Mongoalske ilkhan Abaqa, waans troepen oft djip yn it Midden-Easten trochkrongen wiene, en krige dy safier dat er in oanfal op Aleppo die, sadat Baibars twongen waard om dêr troepen hinne te stjoeren. Yn novimber die Edwert in wraam op Qaqun, as opstapke nei in fierdere opmars nei Jeruzalim, mar sawol de oanfal op Aleppo as dy op Qaqun rûn op 'e non, en yn maaie 1272 sleat kening Hugo III fan Syprus in tsienjierrich bestân mei Baibars. Edwert fersette him dêr yn 't earstoan fûleindich tsjin, mar nei't er yn juny op in hier nei deade wie troch in islamityske slûpmoardner, begûn er fan gedachten te feroarjen. Ferswakke troch in wûne mei wat wierskynlik in mei gif ynsmard mês west hat, joech er it oer en sette op 24 septimber út Akre ôf. Op 'e weromweis krige er op Sisylje te hearren dat syn heit, kening Hindrik III, stoarn wie en dat hysels no kening fan Ingelân wie.

Regear Mei't de sitewaasje yn Ingelân stabyl, wie, naam Edwert de tiid foar in lange oerlânske reis nei hûs troch Itaalje en Frankryk, wêrby't er û.m. Rome oandie. Werom yn Ingelân waard er op 19 augustus 1274 ta kening kroane. Koart nei syn troansbestiging begûn Edwert maatregels te nimmen om regaad te meitsjen en it gesach fan 'e Kroan fernijen nei it swakke regear fan syn heit. Dêrta fierde er in sintralistysk bewâld, dat de rjochten ôfnaam oan 'e adel. Wjerstân tsjin syn polityk drukte er hurdhannich de kop yn. Doe't Edwert syn geduerige militêre kampanjes de skatkiste ûnder druk setten, fierde er ferskate belestingherfoarmings troch, wêrûnder in fêste heffing op 'e útfier fan wol. In oare boarne fan ynkomsten waard foarme troch de Joaden, dy't ûnder de Ingelske wet it persoanlik besit fan 'e kening wiene. Sadwaande koe Edwert harren safolle útrûpelje as er mar woe, en dat died er ek.

Tsjin 1280 foel der by de Joaden net folle mear te heljen, mar dochs wiene se noch altyd fan wearde. Sa koe de kening himsels populêr meitsje by it folk troch yn 'e antysemityske Midsiuwske maatskippij de Joaden oan te pakken. Yn 1279 liet er alle Joadske famyljehaden yn Ingelân arrestearje en 300 fan harren eksekutearje, sabeare om't se skuldich wiene oan oplichting troch it bysnijen fan muntjild. Alve jier letter, yn 1290, liet Edwert it Edikt fan Utwizing oannimme, dat alle Joaden út Ingelân ferballe. Om't de measten fan harren jildlieners wiene (in amt dat foar kristenen ferbean wie), smiet dat foar Edwert fia de konfiskaasje fan alle Joadske lienings en besittings hiel wat jild op. Boppedat koed er mei de goede wil dy't er mei dy die by it Ingelske folk oproppen hie, neitiid in grutte subsydjze by it parlemint losweakje. Pas yn 1656, ûnder it regear fan Oliver Cromwell, soe it Edikt fan Utwizing weromdraaid wurde, en wiene Joaden wer wolkom yn Ingelân.

Ferovering fan Wales Underwilens sloech yn Wales Llywelyn ap Gruffudd foar master op, dy't profitearre hie fan 'e gaos yn Ingelân ûnder de Twadde Baronne-oarloch. Yn 1267 wie dyselde troch de oare Welske adel as prins fan Wales erkend, en nei Edwert syn weromkear yn Ingelân wegere er en bring de nije kening hulde. Sadwaande briek der yn 1276 in wapene konflikt út, wêrby't Llywelyn mar krap stipe waard troch syn lânslju. It kaam nea ta in grutte fjildslach, en troch de Ingelske oermacht hie Llywelyn gjin oare kar as om him oer te jaan. Hoewol't er de titel 'prins fan Wales' hâlde mocht, waard him by it Ferdrach fan Aberconwy, út 1277, al syn lân ôfnommen útsein syn eigen keninkryk Gwynedd.