Joaram (Hebriuwsk: יוֹרָם; "JWHW is ferheven") wie in kening fan Juda. Syn regear foel tusken 849 en 842 f.Kr. (ek: 848–841 f.Kr.
Joaram wie de âldste soan en waard op syn twaëntrichtichste opfolger fan kening Josjafat. Sadree't Joaram de macht stevich yn hannen hie, liet er al syn bruorren deadzje.
Hy troude mei Atalja, in dochter fan Israel's goddeleaze kening Achab. Mei dat houlik yntrodusearre Joaram ek de Baäl-kultus yn it hûs fan David. Yn it regear fan Joaram kamen de Edomiten tsjin Juda yn opstân. It besykjen fan Joaram om de opstân del te slaan mislearre. Om't kening Joaram him ôfkeard hie fan God, skuorde yn 'e selde tiid ek de stêd Libna him fan Juda ôf.
Joaram's aktive befoardering fan 'e Kanaänytsyke ôfgoaderij yn it lân en de moard op 'e soannen fan syn heit Josjafat rôp de grime op fan 'e profeet Elía, dy't de kening yn in brief foarsei dat him in soad ûnheil te wachtsjen stie en dy profetearre dat de kening in slimme kwaal oan 'e yngewanten treffe soe.
Efkes letter foelen de Filistinen en de Arabieren it lân binnen. Hja plonderen it paleis, rôfden de harem fan 'e kening en fermoarden alle soannen fan 'e kening, útsein syn jongste soan. Dêrnei waard Joaram siik, hy krige lêst fan syn yngewanten en dat waard sa slim dat hy der oan stoar. Botte rouwich oer de dea fan 'e kening wie it folk net, de plechtichheden wiene sober en de kening waard net byset yn 'e keningsgrêven.
It regear fan Joaram duorre acht jier. Hy waard opfolge troch Achazja.2 Kroniken 21
Sjoch ek List fan keningen fan Juda
Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Juda Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 9e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 9e iuw f.Kr.