Pretender is it achtste diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Pretendint". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Pretender ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2006, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Pretender tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Ynhâld Wat foarôf gie Pretender spilet likernôch tolve jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene. De kyo, dy't oanjoegen dat se oan harren fierste grins al yn oarloch wiene mei noch wer in oar ras fan bûtenierdske wêzens, hiene lykwols de noasje dat eat dat ienris ferbûn is, yn kontakt bliuwe moat. Sadwaande gie de Phoenix op hûs oan mei it ûntrêstigjende ûnthjit fan 'e kyo dat se yn 'e takomst in besyk bringe soene oan 'e Ierde fan 'e atevi. It is fan it heechste belang dat se dêr dan in stabyl regear oantreffe sille.
As se nei in ôfwêzigens fan twa jier by de Ierde fan 'e atevi weromkeare, wachtet Bren-en-dy dêr lykwols in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hat in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset is. It fêstelân wurdt no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid. Yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, dy't fêst yn 'e hannen fan rebellen is, regearret Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan, as aiji. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavenet, is oant op it bien ferdield en kin net ta in beslút komme oer stipe oan Tabini of Murini, wylst de gildemaster fermist en mooglik dea is. Op ferskate plakken op it fêstelân is in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini, en op it eilân Mospheira makket de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. Oer Tabini giet it geroft dat er fermoarde is, mar nimmen kin sizze oft dat wier is. It romtestasjon, dat ûnder lieding fan Jules Ogun, de twadde kaptein fan 'e Phoenix, en hear Geigi, in fertrouling fan 'e aiji-dûairiêre, ûnwifkjend op 'e hân fan Tabini bleaun is, is ôfsnien fan 'e ierde, mei't de romtefearen net mear fleane en de bemannings ûnderdûkt binne. De sitewaasje op it stasjon is ien fan krapte, mei't it op it stuit fan 'e steatsgreep eins noch net selsfoarsjend wie. Yn dy sitewaasje arrivearret de Phoenix mei oan board 4.100 flechtlingen fan Reunion.
Mei't de weromkear fan 'e Phoenix mei tilleskopen fan it planeetoerflak ôf waar te nimmen is, moat der no fluch hannele wurde. Mei it iennichste beskikbere romtefear (dat op it stuit fan 'e steatsgreep by it stasjon wie) reizgje Bren en syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini, Ilisidi mei Cenedi en har oare liifwachten en de jonge Cajeiri nei Mospheira ta, dêr't se alle meiwurking krije fan Shawn Tyers, de presidint fan it eilân. Op it jacht fan Bren syn broer Toby stekke se de seestrjitte nei it fêstelân oer, dêr't se temûk nei de Padi-delling reizgje, it hert fan 'e Westlike Assosjaasje. Fia it swier beboske Taiben, dêr't de bûtenpleats fan 'e aiji stiet, bejouwe se har nei Tirnamardi, de wente fan Tatiseigi, de aartskonservative hear fan 'e Atageini-clan.
Tatiseigi is in pylder fan it tradisjonalisme mank de atevi, de politike en maatskiplike streaming dy't him tsjin 'e minsklike ynfloed keart, en dêrmei is er yn prinsipe út itselde hout snien as de nije aiji Murini, dy't der ek dat soarte tinkbylden op nei hâldt. Mar Tatiseigi beskôget Murini as in omheechfallen parvenu, en dêrnjonken ûnderhâldt er famyljebannen mei Tabini, want hy is de âldomke fan Damiri, Tabini syn frou, en de oerâldomke fan 'e jonge Cajeiri. Boppedat is er de eks-minner fan Ilisidi, dy't noch altyd in oansjenlike ynfloed oer him hat en der alhiel net foar tebekskrillet om dêr gebrûk fan te meitsjen. Foàr de weromkear fan 'e Phoenix hie Murini it spul goed foarinoar, mar neitiid rekket syn macht yn in pear dagen tiid danich yn it neigean.
Tatiseigi hat der in karriêre fan makke om him nea fêst te lizzen, nea dúdlik partij te kiezen, nea stappen te ûndernimmen dy't by need net ûngedien makke wurde kinne. Mar as Ilisidi mei Bren en Cajeiri by de âldman op 'e stoepe stiet, stelt hja him dêrmei foar de kar om harren ûnderdak te bieden, en op dy wize ymplisyt partij te kiezen, of harren ûnderdak te wegerjen, mei itselde resultaat. Ferfrjemde fan Murini troch it taktleaze hâlden en dragen fan 'e nije aiji, kiest Tatiseigi derfoar om Ilisidi en Cajeiri op te nimmen, en ek Bren, al giet dat lêste net fan herten. Dat liedt ta in strafekspedysje fan 'e Kadigidi tsjin Tatiseigi syn bûtenpleats Tirnamardi, wêrby't it harren lykwols yn twa nachten fan gefjochten net slagget om troch de ferdigening fan 'e Atageini en de liifwachten fan 'e aiji-dûairiêre hinne te brekken. Bren sels giet om help út en wit de houtfêsters fan Taiben te berikken, dy't yn harren bosken al langere tiid in guerrilja-oarloch tsjin 'e Kadigidi fierden. As de Taibeni de Atageini te help komme tsjin 'e mienskiplike fijân, betsjut dat in politike ierdferskowing mank de atevi, om't dy beide clans al iuwenlang in bittere fete mei-inoar ûnderhâlde. In fierdere klap foar Murini syn hearskippij komt as oan 'e ein fan 'e twadde nacht fan gefjochten Tabini-aiji opdûkt, libben en wol, en wisberet om syn âlde hearskippij wer op te nimmen.
Pretender De trêde moarn dat Bren en Ilisidi mei harren liifwachten te Tirnamardi ferbliuwe as gasten fan hear Tatiseigi, leit de hal fan it gebou, dat in histoarysk monumint is, yn pún. Op 'e boppeferdjipping is yn it fertrek njonken Bren sines in gat yn 'e bûtenmuorre blaasd, wylst yn syn eigen keamer de flier fol patroanhulen leit en it bloed der noch mar krektlyn opdweild is. Bûtendoar kampearje in grut tal houtfêsters út Taiben, tradisjonele fijannen fan 'e Atageini, mei harren lûdroftige mecheiti (ryddieren) op it gazon, tusken de slim skansearre hagen yn. Tsjin 'e tiid dat Bren syn liifwachten en dy fan Ilisidi en Tabini einlings en te'n lêsten Tatiseigi syn befeiligingspersoneel safier krigen hawwe dat der gjin gebrûk mear makke wurdt fan 'e folslein ferâldere en dêrtroch 'lekkende' kommunikaasje-apparatuer fan Tirnamardi, is it feit dat de aiji en de aiji-dûairiêre yn 'e bûtenpleats ferbliuwe al in publyk geheim, dat him as diggelfjoer troch de Westlike Assosjaasje ferspriedt.
It earste bewiis dêrfan, op 'e iere moarn, is de oankomst fan in grutte kloft mei jachtgewearen bewapene sljochtwei folk út 'e omkriten: boeren op trekkers en shovels, en winkellju en arbeiders yn bussen en frachtweinen, allegear leden fan 'e Atageini-clan en poerrazen oer de ferwuostging dy't de Kadigidi yn Tirnamardi oanrjochte hawwe, dy't se as in persoanlike mislediging opfetsje. Tsjin 'e middei lânet Rejiri fan Dur mei syn fleantúch yn 'e wintergreide fan hear Tatiseigi. Rejiri is in âlde bekende fan Bren-en-dy, en de erfgenamt fan 'e hear fan Dur, in eilân foar de westkust fan it kontinint. Hy bringt de tynge dat syn heit mei it spoar nei Tirnamardi ûnderweis is mei 132 leden fan harren clan en byhearrend befeiligingspersoneel. Behalven Dur binne ek de oanbuorjende clans fan 'e Tagi en de Mairi oan it mobilisearjen, en de fiskers fan 'e kustdoarpen Desigien en Andaran, dêr't Bren en Ilisidi oan lân kommen binne nei harren oerstek út Mospheira, hawwe har by de hear fan Dur jûn en binne ek op kommendeweis. Boppedat fertelt Rejiri dat it folk fan syn mem, de Edi, út hear Geigi syn provinsje, dy't earder in iepen fjildslach útfochten hiene mei de Kadigidi op 'e lâningte dy't harren skiereilân mei it fêstelân ferbynt, harren bolwurk oan it ferlitten binne om 'e lapen op ien bulte te smiten mei Dur en de Atageini.
Letter op 'e middei arrivearje de heechkroppige Ajuri, in lytsere clan út it noarden, dêr't frouwe Damiri, Tabini syn frou, nau oan besibbe is. Hja wurde oanfierd troch harren hear Benedi, in oerpake fan 'e jonge Cajeiri, dy't krekt as Tatiseigi neat fan Bren hawwe moat, mar noch minder fan 'e Kadigidi. Tsjin 'e jûn komt hear Adigan fan Dur oan, mei de ûnthjitten fersterkings fan 'e noardwestkust, en koart dêrnei meitsje ek de heuvelbewenners út it foarlân fan it Bergid-berchtme har opwachting yn Tirnamardi, hûndertenien lytse clans dy't oates en toates ûnderling deilis binne en dy't har oant no ta noch nea wat fan 'e bûtenwrâld oanlutsen hawwe, mar by wa't Tabini de ôfrûne moannen beskûl fûn hat. Mei harren komt ek de âlde Grigiji, de wrâldfrjemde mar geniale emearitus-astronoom, beselskippe fan in earewacht fan syn radikale studinten. Bren kriget te hearren dat de Kadigidi de universiteit slute litten hawwe en in ynfal yn 'e bibleteek dien hawwe, mar dat de studinten yn 't foar alle ûnferfangbere boeken en ûndersyksdata yn feilichheid brocht hiene. Krektsa wisten de Kadigidi de romtefearen op it fêstelân te besetten, mar koene se dêr neat mei om't de piloaten útpykt wiene en de flechthânliedings meinommen hiene.