Hudson is in doarp dat yn it westen fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario leit, oan 'e igge fan Lost Lake en de rivier de English, net fier fan 'e súdlike igge fan 'e grutte mar Lac Seul. Hudson moat net betize wurde mei in lyknammich plak yn eastlik Ontario. Bestjoerlik falt it doarp ûnder de gemeente Sioux Lookout, dy't ta it mânske Kenora Distrikt heart.
Skiednis Hudson hiet oarspronklik Rolling Portage. It earste postkantoar waard der yn 1919 iepene.
Ferbinings Hudson leit oan 'e transkontinintale haadspoarwei fan 'e Canadian National Railway, tusken de stasjons fan Webster yn it westen en Pelican yn it easten. It foarmet fierders it westlike einpunt fan 'e Autosnelwei 664 (Ontario), dy't súdwestlik fan it stedsje Sioux Lookout útkomt op Autosnelwei 72 (Ontario).
Demografy In grut diel fan 'e befolking fan Hudson bestiet út etnyske Odjibwe (Ojibwe), in Yndiaansk folk, dat ek wol bekend stiet as de Tsjippewa (Chippewa). Yn Hudson is it haadkertier fêstige fan 'e Lac Seul Earste Naasje (Lac Seul First Nation), in Odjibwe-stamme.
Kategory:Plak yn Ontario Kategory:Plak stifte yn de 20e iuw