De fazantfûgels (Latynske namme: Phasianoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae) en it skift fan 'e hineftigen (Galliformes). Dizze taksonomyske groep wurdt ek wol beskôge as in ûnderskift, en hat dan as wittenskiplike namme Phasiani. Ta de fazantfûgels hearre fjouwer fan 'e acht famyljes fan 'e hineftigen, mei dêrûnder ferskate bekende soarten, lykas de hin (Gallus gallus domesticus), de kalkoen (Meleagris gallopavo), de blauwe pau (Pavo cristatus), de patriis (Perdix perdix) en de fazant (Phasianus colchicus).

Underskiftopbou

boppefamylje fazantfûgels (Phasianoidea) famylje fazanteftigen (Phasianidae) famylje Gallinuloididae † famylje pearelhinnen (Numididae) famylje toskkwartels (Odontophoridae)

Kategory:Hineftige