Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Eastenryk fiert it homohoulik yn. 1 - Katar seit syn lidmaatskip fan 'e OPEC op. 1 - By de containerramp mei de MSC Zoe slane op 'e Noardsee fuort benoarden it Waad op it containerskip de MSC Zoe teminsten 345 seekonteners oerboard. Om't in grut tal fan dy containers yn stikken brekke, soarget dat foar in ûnbidige miljeuramp, wêrfan't de gefolgen noch jierren te fielen wêze sille. 1 - De Fryske gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fúzjearje ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân. 1 - De Grinslânske gemeenten Bedum, Iemsmûn, De Marne en in diel fan Winsum fúzjearje ta de nije gemeente It Hegelân (Het Hogeland). 1 - De Grinslânske gemeenten Gruttegast, De Like, Mearum, Súdhorn en in diel fan Winsum fúzjearje ta de nije gemeente Westerkertier (Westerkwartier). 3 - De Sineeske romtesonde Chang'e 4 lânet as earste troch de minske makke objekt op 'e efterkant fan 'e moanne. 5 - Patriarch Bartoloméus I fan Konstantinopel skinkt de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke ûnôfhinklikheid fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. 7 - Yn Gabon fynt in mislearre steatsgreep plak troch in diel fan 'e striidkrêften. 10 - De troch de opposysje dominearre Nasjonale Assimblee fan Fenezuëla ferklearret it presidintskip fan Nicolás Maduro ûnrjochtlik en set tsjin him in ôfsettingsproseduere yn gong. Dit is it begjin fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis. 17 - By in terroristyske bomoanslach yn Bogotá, de haadstêd fan Kolombia, fine 21 minsken de dea en reitsje 68 oaren ferwûne. 18 - As brânstofdieven yn Meksiko by Tlahuelilpan in ierdoaljepiiplieding lekslane, komme by de dêropfolgjende ûntploffing teminsten 124 minsken om, wylst 22 oare ferwûne reitsje. 21 - Underweis fan Nantes, yn Frankryk, nei Cardiff, yn Wales, stoart boppe It Kanaal in Piper Pa-45 Malibu-priveefleantúch del. De ynsittenden, piloat David Ibbotson en stjerfuotballer Emiliano Sala, komme om. Harren stoflike omskotten wurde op 7 febrewaris burgen. 23 - Yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis fine op ferskate plakken yn it lân grutte demonstraasjes plak tsjin 'e sittende presidint Nicolás Maduro. Ferskate minsken komme om. Opposysjelieder Juan Guaidó lit himsels ynswarre as interim-presidint, en kriget stipe fan 'e ynternasjonale mienskip. Presidint Maduro ferbrekt de diplomatike bannen mei de Feriene Steaten. 25 - By de Daambrek fan Brumadinho brekt by Brumadinho yn 'e Brazyljaanske steat Minais Gerais in daam by in izermyn troch, mei as gefolch dat in grut gebiet ûnder de giftige blabze strûpt. Teminsten 206 minsken fine hjirby de dea, wylst noch 102 oaren fermist reitsje. 27 - By in bomoanslach op 'e katedraal yn Jolo, yn 'e Filipinen, komme teminsten 20 minsken om, wylst mear as 100 oaren ferwûne reitsje. 28 - It Amerikaanske Iepenbier Ministearje klaget it Sineeske telekommunikaasjebedriuw Huawei oan foar ferskate gefallen fan fraude. Dêrtroch boazje de spannings tusken de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina fierder oan.

febrewaris 3 - Paus Fransiskus bringt in besyk oan 'e Feriene Arabyske Emiraten, en wurdt dêrmei de earste paus fan Rome dy't it Arabysk Skiereilân oandocht. 5 - By in útslaande brân yn in flatgebou yn Parys komme 10 minsken om en reitsje nochris 36 oaren ferwûne. 12 - De Republyk Masedoanje neamd himsels om ta de Republyk Noard-Masedoanje. Dêrmei komt in ein oan in tsientallen jierren duorjend skeel mei Grikelân oer it gebrûk fan 'e namme 'Masedoanje'. De wei is no foar Noard-Masedoanje frij om lid te wurden fan 'e Jeropeeske Uny en de NATO. 13 - By in oanslach yn súdeastlik Iraan komme teminsten 27 leden fan 'e Iraanske Revolúsjonêre Garde om. 14 - By in oanslach yn 'e Yndiaaske dielsteat Djammû en Kasjmier komme teminsten 40 Yndiaaske plysjereservisten om. It is de bloedichste oanslach yn Kasjmier yn trije desennia. 20 - By in grutte brân yn 'e Bingaalske haadstêd Dhaka komme teminsten 78 minsken om. 21 - It Israelyske bedriuw SpaceIL lansearret de Beresheet, wrâlds earste private romtesonde nei de moanne. 23 - By ferkiezings yn Nigearia wint de sittende presidint Muhammadu Buhari in nije termyn. 23 - De Fenezolaanske presidint Nicolás Maduro ferbrekt yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis de diplomatike relaasjes mei buorlân Kolombia nei in (mislearre) besykjen om út Kolombia wei humanitêr helpguod oan te fieren foar de needlijende Fenezolaanske befolking. 26 - De Yndiaaske loftmacht fiert út wraak foar de de oanslach fan 14 febrewaris l.l. bombardeminten op Pakistaansk grûngebiet út. Dit is it begjin fan 'e Yndiaask-Pakistaanske grinsskermutselings (2019). 27 - Pakistan slacht werom nei de Yndiaaske bombardeminten fan in dei earder, en fiert bombardeminten op Yndiaask grûngebiet út. In Yndiaaske strieljager wurdt boppe Pakistan delsketten en de piloat wurdt finzennommen. Op 1 maart wurdt er oerdroegen oan Yndia. 27-28 - De Noardkoreaansk-Amerikaanske topmoeting yn 'e Fjetnameeske haadstêd Hanoi, tusken de presidinten Kim Jong-un en Donald Trump, mislearret folslein en beide lieders keare foartidich werom nei hûs sûnder wat bedijd te hawwen.

maart 6 - Yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis wiist presidint Nicolás Maduro fan Fenezuëla de Dútske ambassadeur Daniel Kriener út, om't dy him bemuoid hawwe soe mei ynterne Fenezolaanske saken. 10 - Ethiopian Airlines-flecht 302, in Boeing 737 MAX ûnderweis fan Addis Abeba, yn Etioopje, nei Nairobi, yn Kenia, stoart koart nei it opstiigjen del, wêrby't alle 157 ynsittenden omkomme. Om't dit fleantúchûngemak sterk liket op dat fan Lion Air-flecht 610, op 29 oktober 2018 yn Yndoneezje, wurde neitiid wrâldwiid alle Boeings 737 MAX oan 'e grûn holden. 12 - It frachtskip de Grande America sinkt yn 'e Golf fan Biskaje, sa'n 200 km foar de kust fan Frankryk, nei't it op 10 maart yn brân rekke wie. Troch it sinken fan it skip lekt 2.200 ton oalje yn see. 13 - Yn Austraalje wurdt de roomske kardinaal George Pell ta seis jier finzenisstraf feroardiele foar it seksueel misbrûk fan twa jonges yn 1996. 15 - By terroristyske oanslaggen troch deselde dieder op twa moskeeën yn Christchurch, yn Nij-Seelân, komme 50 minsken om en reitsje 50 oaren ferwûne. 15 - De sykloan Idai komt oan lân yn Mozambyk, wêrby't teminsten 1.073 deaden falle en in ûnbidich grut gebiet derûnder strûpt. 19 - Noersûltan Nazarbajev tsjinnet nei 29 jier syn ûntslach yn as presidint fan Kazachstan. Hy wurdt opfolge troch Kassym-Jomart Tokajev. 20 - Astana, de haadstêd fan Kazachstan, wurdt ta eare fan 'e ôftreden presidint Noersûltan Nazarbajev omneamd ta 'Noer-Sûltan'. 20 - By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten komt yn Nederlân it Foarum foar Demokrasy (FvD) as grutte winner út 'e bus. 20 - De Jeropeeske Uny leit de Amerikaanske ynternetgigant Google in boete fan € 1,49 miljard op om't it bedriuw op syn eigen websiden konkurrinten út 'e online-advertinsjesektor bûtendoar holden hat. 21 - By in ûntploffing yn in gemysk fabryk yn Xiangshui, yn Sina, komme teminsten 78 minsken om en reitsje mear as 600 oaren ferwûne. 23 - De stêd Al-Bagûz Fâkani (ek bekend as Bagûz), yn Syrje, wurdt as lêste diel fan 'e saneamde Islamityske Steat befrijd troch Koerdyske troepen. 24 - In út fjouwer siden besteande gearfetting fan it ûndersyk ûnder lieding fan Robert Mueller nei de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings (2016) fan presidint Donald Trump wurdt publisearre troch de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken William Barr. Dêryn stiet dat der gjin bewiis is foar gearspanning fan 'e Trump-kampanje mei Ruslân om 'e útslach fan 'e ferkiezings te beynfloedzjen. Oer mooglike obstruksje fan de rjochtsgong hat Mueller lykwols gjin konklúzje berikke kinnen.

april 2 - Nei wikenlange en wiidfersprate demonstraasjes yn Algerije treedt presidint Abdelazyz Bûteflika ôf. 4 - De Libyske opstannelingelieder generaal Chalifa Haftar set mei syn Libysk Nasjonaal Leger (LNA) in ferrassingsoffinsyf yn tsjin 'e haadstêd Tripoly, dy't yn 'e hannen is fan it ynternasjonaal erkende Regear fan Nasjonaal Akkoart. 9 - By parlemintsferkiezings yn Israel wurdt it Likûdblok fan premier Benjamin Netanyahu, nei wa't ferskate ûndersiken op it mêd fan korrupsje rinne, de grutste partij, sadat Netanyahu premier bliuwe kin. 10 - Wittenskippers fan it Event Horizon Telescope-projekt publisearje de earste foto ea fan in swart gat. 10 - Troch de fynst fan fossile resten yn 'e Callao-grot yn 'e Filipinen komt it bestean fan 'e minskesoarte Homo luzonensis oan it ljocht, dy't ferneamd wurdt nei it eilân Luzon. 11 - Nei moannenlange demonstraasjes tsjin syn bewâld wurdt de Sûdaneeske presidint Omar al-Basjir, dy't al tritich jier oan 'e macht is, ôfset by in steatsgreep troch it leger. 11 - Yn 'e Britske haadstêd Londen wurdt WikiLeaks-oprjochter Julian Assange arrestearre, nei't er him sân jier lang beskûl holden hat yn 'e ambassade fan Ekwador. 15 - By in grutte brân wurdt yn Parys de mear as tûzen jier âlde katedraal de Notre-Dame foar in grut part ferwuostge. 17 - By in ûngemak mei in autobus komme op Madeara teminsten 28 toeristen om. 17 - By presidintsferkiezings yn Yndoneezje ferslacht de sittende presidint Joko Widodo syn útdager Prabowo Subianto. 18 - Yn 'e Feriene Steaten wurdt in sinsurearre ferzje publisearre fan it 448 siden tellende rapport fan it ûndersyk ûnder lieding fan Robert Mueller nei de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings (2016) fan presidint Donald Trump. 21 - By de Peaske-oanslaggen fan 2019 (op Peaskesnein) wurde terroristyske oanslaggen útfierd op acht plakken yn Sry Lanka, wêrûnder trije tsjerkegebouwen, fjouwer hotels en in appartemintekompleks. Der komme teminsten 258 minsken om, wylst mear as 500 oaren ferwûne reitsje. 21 - By presidintsferkiezings yn 'e Oekraïne ferslacht de komyk Volodymyr Zelensky de sittende presidint Petro Porosjenko. 28 - By parlemintsferkiezings yn Spanje boekt de sosjalistyske PSOE fan premier Pedro Sánchez ûnferwachts in oerwinning. 30 - Keizer Akihito fan Japan docht ôfstân fan 'e troan. It is de earste kear yn hast twa iuwen dat in Japanske keizer net oan syn ferstjerren ta oan it bewâld bliuwt. 30 - Yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis besiket opposysjelieder Juan Guaidó in algemiene rebûlje út te lokjen tsjin it bewâld fan presidint Nicolás Maduro. Dat mislearret lykwols jammerdearlik as de striidkrêften oan 'e kant fan Maduro stean bliuwe.

maaie 1 - Naruhito wurdt kroane as de nije keizer fan Japan. Hy folget syn heit Akihito op, dy't in dei earder troansôfstân dien hat. 1 - Kening Vajiralongkorn fan Tailân ferrast syn lân troch sûnder warskôging foarôf te trouwen mei syn liifwacht Suthida Tidjai, dy't fan sljochtwei komôf is. Hja wurdt dêrtroch de keninginne-gemalinne fan Tailân. 3 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) makket bekend dat yn 'e Demokratyske Republyk Kongo al mear as 1.000 deaden fallen binne troch de ebola-útbraak fan Kivu. 3-6 - Tusken Palestinen yn 'e Gazastripe en Israelyske troepen brekken skermutselings út, wêrby't troch Israelyske bombardeminten 20 Palestinen omkomme, ûnder wa in pjut en in frou dy't swier wie. 4-6 - Kroaning fan kening Vajiralongkorn fan Tailân. 5 - Der komme 41 fan 'e 78 ynsittenden om as Aeroflot-flecht 1492 in needlâning makket en yn 'e brân fljocht op 'e Ynternasjonale Lofthaven Sjeremetjevo, yn Moskou. 10 - De Feriene Steaten ferheegje de ynfiertariven op $200 miljard oan ymportguod út Sina mei 25%, wat soarget foar eskalearjende spannings tusken de beide lannen. 12 - By in ynsidint yn 'e Golf fan Omaan reitsje fjouwer oaljetankers slim skansearre troch wat 'sabotaazje' neamd wurdt. Saûdy-Araabje, de Feriene Arabyske Emiraten en de Feriene Steaten wize mei de finger nei Iraan, dat lykwols eltse belutsenens ûntstriidt.