Melania Trump, bertenamme: Melanija Knavs, ek wol bekend as Melania Knauss (Novo Mesto, 26 april 1970) is in Sloveensk-Amerikaanske dy't troud is mei de Amerikaanske 45e en 47e presidint fan de Feriene Steaten, Donald Trump. Hja is sûnt 20 jannewaris 2025 de First Lady fan 'e Feriene Steaten. Earder wie se fan 20 jannewaris 2017 oant 20 jannewaris 2021 ek de First Lady by de earste termyn fan Donald Trump syn presidintskip.

Jonkheid Melania waard op 26 april 1970 berne yn Novo Mesto en se sibbe yn Sevnica yn 'e krite Posavje yn it eardere Joegoslaavje yn de Sosjalistyske Republyk fan Sloveenje (tsjintwurdich it ûnôfhinklike lân Sloveenje). Har heit, Viktor (1944), dy't yn auto- en bromfytsewinkels wurke, kaam út 'e tichtebylizzende stêd Radeče; har mem Amalija (1945-2024) wie kleanmakster en kaam út in doarp yn 'e omkriten fan Sevnica. Melaniawaard grutbrocht yn in lyts en beskieden appartemint yn in betonnen boublok. Hja sette yn 'e âldens fan 16 jier útein mei har karriêre as model en doe't se 18 jier wie, tekene se in kontrakt by in modelleburo yn Milaan. Melania Trump praat seis talen, te witten: Sloveensk (memmetaal), Servo-Kroatysk, Ingelsk, Frânsk, Italjaansk en Dútsk.Yglesias, M. (18 july 2016). "Melania Trump, explained". Vox. Sjoen op 9 novimber 2016.

Karriêre Melania hold mei har stúdzje ûntwerp en arsitektuer oan 'e Universiteit fan Ljubljana yn Sloveenje nei in jier op en sette útein me it wurkjen as model foar grutte moadehuzen yn Milaan en Parys. Yn 1996 ferhuze se nei New York. Hja wurke mei fotografen lykas Helmut Newton, Patrick Demarchelier en Mario Testino en hja ferskynde letter op 'e omslach fan lykas Vogue, InStyle, New York Magazine, Vanity Fair en Glamour. Hja wie in bikinymodel yn de Sports Illustrated Swimsuit Issue fan 2000. As model wie se besibbe oan in tal ferneamde modelleburo's, lykas Donald Trump syn Trump Model Management.

Melania Trump hat middels har abbekaat Michael Wildes oanjûn dat se foar it earst yn 'e Feriene Steaten kaam yn augustus 1996, mei in saaklik fisum. Hja krige in H-1B-fisum yn oktober 1996. Dêrnei gie se gauris werom nei Sloveenje en freegje hieltyd in nij fisum oan. Dat moast omreden der doe in Amerikaanske oerienkomst mei Sloveenje gou, dêr't mar ien fisum it jier tastien waard. Hja krige yn 2001 in Green Card en waard dêr in permaninte bewenner fan de Feriene Steaten mei en krige it Amerikaanske steatsboargerskip yn 2006, in jier nei har houlik.

Yn 2010 lasearre se har horloazje- en sieradesamling, Melania Timepieces & Jewelry en yn 2013 sette se útein mei in hûdfersoargingsline, Melania Caviar Complexe C6, dy't se yn 'e telefyzjeprograms The Celebrity Apprentice en The View ûnder it omtinken by it publyk brocht.

Houlik mei Donald Trump Yn 2000 ferskynde Melania mei Donald Trump by syn presidinsjele nominaasje foar de Reform Party yn 2000. In stikmannich jierren letter spile Melania yn in reklame foar Aflac-fersekerings. Hja boasken op 22 jannewaris 2005. Nei har houlik feroare se har efternamme nei "Trump". Yn 2005 waard se mei Donald yn Larry King Live op CNN ynterviewd.

Op 20 maart 2006 krigen se in soan, Barron William Trump.</ref>

Earste Dame fan 'e Feriene Steaten Op 20 jannewaris 2017 waard sy de first lady fan 'e Feriene Steaten, doe't har man it presidintskip fan Barack Obama oernaam, oant 20 jannewaris 2021. Har foargongster wie Michelle Obama, dêr't Melania yn 2016 by in taspraak op de Republikeinske Konvinsje parten fan har taspraak út 2008 fan oernaam. Har speechskriuwer naam dêrnei de ferantwurdlikens op him.Speechschrijver Melania Trump neemt schuld geplagieerde speech op zich, de Volkskrant, 20 july 2016

Melania waard de earste katolike presidintsfrou sûnt Jacqueline Kennedy (1961-1963). By de steatsbesite oan it Fatikaan yn maaie 2017 liet se har roazekrâns troch de paus seinigjeMelania Trump is the first Catholic first lady since Jackie Kennedy, CNN, 26 mei 2017 en yn Frankryk yn july 2017 trúnde se oan in rûnlieding troch de Notre-Dame yn Parys en fereare se de Hillige Toarnekroan.Brigitte Macron et Melania Trump en visite à Notre-Dame de Paris, Paris Match, 13 july 2017

Yn Sevnica, yn har bertekrite yn Sloveenje, waard in houten byld fan har oprjochte, dat yn 'e nacht fan 4 july 2020, oan 'e foarjûn fan 'e nasjonale feestdei fan 'e Feriene Steaten, yn brân stutsen waard. It waard troch in libbensgrut brûzen byld ferfongen, dat op 15 septimber 2020 ûntbleate waard. Op 20 jannewaris 2021 kaam der mei it beneamen fan it kiezen fan Joe Biden as presidint in ein oan har presidintsfrouskip. Har man Donald Trump en sy wiene net by de ynauguraasje oanwêzich. Hja feruzen nei Trump syn resort Mar-a-Lago yn Floarida.

Melania har man wûn op 5 novimber 2024 fannijs de presidintsferkiezings foar in twadde amtstermyn. Dêr waard Melania op 20 jannewaris 2025 fannijs de Earste dame fan 'e Feriene Steaten.

Yn jannewaris 2025 lansearre Melania de memecoin $Melania om de $10 it stik. Dy munt stoarte yn 'e earste moanne fuortendaliks mei 90% nei ûnderen en sakke fierder nei minder as 20 dollarsint yn juny 2025. In tal persoanen makke in winst fan $100 miljoen, hja kochten de memecoins justjes foar't it iepenbier bekend makke waard en ferkochten it om de priispyk hinne.

Nijsgjirrich De âldelju fan Melania Trump, Viktor en Amalija Knavs, waarden yn 2018 Amerikaansk staatsboarger. Har mem ferstoar op 9 jannewaris 2024.

Sjoch ek First lady List fan first ladies fan de Feriene Steaten

Kategory:Sloveensk model Kategory:Amerikaansk model Kategory:Oarehelte fan de presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Amerikaansk persoan fan Sloveensk komôf Kategory:Persoan berne yn 1970