thumb|De Quay, Einthoven, Linthorst Homan (july 1940)

De Nederlânske Uny (Nederlandsche Unie) wie in Nederlânske politike beweging ûnder de Twadde Wrâldoarloch, oprjochte troch it trijemanskip Louis Einthoven, Johannes Linthorst Homan en Jan de Quay. De NU waard fral oprjochte om de NSB de wyn út de seilen te nimmen.

Op har hichtepunt hie de Nederlandsche Unie likernôch 1 miljoen sympatisanten; dêrfan wiene sa'n 600.000 persoanen lid. De organisaasje joech it wykblêd De Unie út mei in oplage fan 314.000 eksemplaren.

Literatuer Wichert ten Have: De Nederlandse Unie. Aanpassing, vernieuwing en confrontatie in bezettingstijd 1940-1941, Prometheus, 1999

Keppeling om utens Besprek fan it boek fan Ten Have

Kategory:Nederlânske politike organisaasje Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1940 Kategory:Organisaasje opheft yn 1941