Strath Fillan, faak skreaun as Strathfillan (Skotsk-Gaelysk: Na Sraithibh) is in delling (strath) yn it westlike part fan it Skotske greefskip Perthshire. It is ferneamd nei Fillan, in Ierske klúzner en mûnts út 'e achtste iuw, dy't letter hillich ferklearre is. Strath Fillan strekt him út fan Bridge of Orchy oant Crianlarich en foarmet fan âlds in wichtige rûte troch de Skotske Heechlannen.

Kategory:Geografy fan Skotlân