Abía (Hebriuwsk: אביה; Latynsk: Abiam; "heit fan 'e see", "JHWH is myn heit") wie de soan fan Rechabeäm en pakesizzer fan kening Salomo. Abía waard de twadde kening fan Juda en syn regear foel tusken 913 f.Kr. en 910 f.Kr.

Neffens it Alde Testamint wie Abía lykas syn heit net trou oan 'e God fan Israel. Hy wie God net lykas syn foarfaar David mei hiel it hert tawijd en fereare ek nochris Kanaänityske goaden.1 Keningen 15:3

Under syn regear krige Juda oarloch mei Israel. Opfallend wie doe Abía's oanhinklikens fan 'e God fan Israel en hy beskuldige oan it begjin fan 'e fjildslach Israel der fan dat hja har fan Him ôfkeard hiene. Nettsjinsteande Israel's grutte oermacht en dat Juda ynsletten wie troch it leger fan kening Jerobeäm, fersloech Abía Israel mei glâns. Trije stêden waarden troch him ynnommen en it slagge Israel ûnder it bewâld fan Jerobeäm net mear om 'e klap te boppe te kommen.2 Kroniken 13:1-19

Abía hie 14 froulju, by wa't er 22 soannen en 16 dochters hie. Hy waard nei in regear fan trije jier opfolge troch syn soan Asa.2 Kroniken 13:21-23

Sjoch ek List fan keningen fan Juda

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Juda Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 10e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 10e iuw f.Kr.