Brutus is in gemeentefrij doarp of in gemeentefrije útbuorren (unincorporated community) mei goed 200 ynwenners yn 'e Amerikaanske steat Michigan. It leit oan 'e autodyk U.S. Highway 31 yn it plattelânsdistrikt Maple River Township, yn it easten fan Emmet County, yn it uterste noarden fan it skiereilân Neder-Michigan.

De tichtstbye gruttere doarpen binne Pellston, dat sa'n 6½ km nei it noarden ta leit, en Alanson, likernôch 5 km súdliker. Brutus waard yn 1874 stifte doe't der op it plak fan it doarp in herberge iepene waard dy't de namme Brutus House droech.

Demografy Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Brutus yn 2014 in befolking fan 216 minsken. De befolkingstichtens wie 29,6 de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Brutus 12,0% âlder as 65 jier en 28,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 29,0% fan 'e húshâldings út ien persoan.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 80,6% blanken; 3,7% Yndianen; 3,7% Latino's; 0% Aziaten; 0% swarten; 12,0% oaren of fan mingd etnysk komôf. Yn Brutus is it haadkertier fan 'e Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fêstige, dy't erkenning genietet fan 'e steat Michigan.

Keppelings om utens Statistyske gegevens oangeande Brutus

Kategory:Plak yn Michigan Kategory:Plak stifte yn 1874