Pêkach (Hebriuwsk: פֶּקַח ("mei iepen eagen"); Latynsk: Phacee) wie kening fan it Noardryk Israel. Syn keningskip duorre fan ± 737 f.Kr. oant 732 f.Kr.

Pêkach wie de soan fan in sekere Remalja en wurke as adjudant yn it leger fan kening Pekachja. Hy sette mei help fan fyftich man út Gileäd Pekachja as kening ôf, deade him en naam it plak fan him as kening oer.2 Keningen 15:25

Doe't kening Resin fan Aram (Damaskus) in bûn mei Pêkach slúte tsjin kening Achaz fan Juda ferlear Achaz gebiet, mar socht stipe by Tiglat-Pilêser fan Assyrje.2 Keningen 16:5-6 Tiglat-Pilêser harke nei Achaz en stjoerde syn leger nei Israel. De Assyryske kening liet kening Resin ombringe, besette meardere stêden en liet de befolking nei Assyrje deportearje.

Letter waard Pêkach sels ek slachtoffer fan in gearspanning, doe't Hosjéa de macht pakte en Pêkach deadzje liet. Neffens it bibelboek 2 Keningen hat Pêkach twintich jier regearre.

Sjoch ek List fan keningen fan Israel

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Israel Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 8e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 8e iuw f.Kr.