Joächaz fan Israel (Hebriuwsk: יְהוֹאָחָז‎‎; Latynsk Joachaz, "God hâld fêst") wie kening fan it Noardryk Israel (Samaria). Hy folge syn heit Jehû op.

Joächaz ûndernaam neffens it Alde Testamint neat om in ein te meitsjen oan 'e sûndige praktiken yn it lân. Dêrmei wurde de ôfgoaderij bedoeld, dy't al sûnt Jerobeäm yn it lân Israel tastien waard.2 Keningen 13:2

It lân wie ûnder it regear fan Joächaz ûnderhearrich oan 'e Arameeske kening Hazael en syn opfolger Benhadad. De kening seach hoe slim de Arameeërs it lân ûnderdrukten en kearde him ta de God fan Israel. Neffens de Skrift kaam der yndied in ein oan 'e ûnderdrukking. Mar de Israeliten makken gjin ein oan 'e ôfgoaderij en lieten sels de Asjearapeal yn Samaria stean.2 Keningen 13:3-6

De kening fan Aram hie it leger fan Israel sa ûnder de foet rûn, dat it yn 'e tiid fan Joächaz net folle mear foarstelde: fyftich ruters, tsien striidweinen en 10.000 man fuotfolk.2 Keningen 13:7

Sjoch ek List fan keningen fan Israel

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Kening fan Israel Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 9e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 8e iuw f.Kr.