It Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A (Ingelsk: Chippewas of Georgina Island First Nation 33A Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, deunby it doarp Sutton. It leit oan 'e súdlike iggen fan 'e Simcoe-mar en wurdt omjûn troch it distrikt York.

It Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A beslacht in oerflak fan 1,3 ha, mar hat gjin permaninte bewenners. It is yn it besit fan 'e Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje (Ingelsk: Chippewas of Georgina Island First Nation), in Yndiaanske stamme-organisaasje wêrfan't de leden út etnyske Odjibwe (Ojibwe) besteane, dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde.

Keppelings om utens ● Profyl fan it Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje Reservaat 33A op 'e webside fan Indigenous and Northern Affairs Canada

Kategory:Odjibwe-reservaat Kategory:Yndianereservaat yn Ontario Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn de 19e iuw