thumb|300px|Agraryske gebouwen op it eardere plak fan it kleaster (2011)

Kleaster Appingen wie in kleaster fan de Karmeliten yn de parochy Grytsjesyl, mei as patroanhillige Marije. It kleaster waard stichte yn 1437 en neamd nei it doarp Appingen dêr't de widze fan it lettere grevelaach Cirksena stie, dy't dêr in soad lân besieten.

It konvint yn Appingen wie de iennichste delsetting fan de Karmeliten yn Eastfryslân en it lêste kleaster dat yn dy kriten stichte waard. Oer de skiednis fan it kleaster is net in protte bekend. Nei de trochfiering fan 'e Reformaasje kaam it kleaster yn 1545 yn 'e hannen fan 'e greven fan Eastfryslân, dy't it slope lieten.

Fan it eardere doarp Appingen en it kleaster is allinne in pleats oer dy't ûnder Visquard heart.

Kategory:Kleaster yn Dútslân Kategory:Bouwurk yn Nedersaksen Kategory:Bouwurk yn East-Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1437 Kategory:Organisaasje opheft yn 1545 Kategory:Bouwurk út 1437 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1545