It spegelgroukopke (Heteropterus morpheus) is in flintersoarte yn it monotypyske skaai fan de spegelgroukopkes (Heteropterus).

Foarkommen Yn Nederlân is de flinter in seldsume soarte. Se binne tige honkfêst en tige kwetsber. Se komme noch foar yn Limburch en Noard-Brabân. Hiel lokaal komme se in soad foar. Yn 1950 kaam de flinter allinnich foar de omkriten fan Apeldoarn. Nei 1950 ek yn Brabân. thumb|left|220px|It spegelgroukopke.

Yn 1990 kaam de flinter yn fjouwer ferskillende gebieten foar: by Apeldoarn, de Weesterbosk, yn Goar flakby Soerendonk en de Grutte Peel. De populaasjes by Soerendonk en de Weesterbosk binne efterút gong. Mar de populaasje yn De Peel wurdt grutter. Fan 2002 ôf fleant der ek in populaasje by Deurne. De flinter hâldt fan heide en leafbosken. Faak binne se te finen by boskrânen.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

Flinter De wjuklingte is likernôch 15 oant 18 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk hat grutte wite plakken. Dy lykje wol op spegels. Dêrom ek de namme Spegelgroukopke. De flinters fleane op in huppeljende wize. In stikje omheech en dan wer nei ûnderen.

Fljochtiid De flinter fljocht fan begjin augustus ôf. Foaral tusken 1 oant 20 july. De flinter fljocht altyd yn ien generaasje.

De rûp De rûp is grien mei in brún kopke. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. De rûp oerwinteret allinnich tusken ynspûne blêden. De rûp groeit yn de simmer en de hjerst en it foarjier dêrop.

De rûp fret ferskillende soarten gers en reid.

Sjoch ek List fan flinters

Kategory:Flintersoarte Kategory:Groukopflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan