Geau is in wetternamme dy't ek wolris in lânnamme wurden is: Gau.

Der binne mear as ien Geau : De Geau tusken Snits en Drylts, -2 meter FSP, yn behear by de provinsje. De Geau by Grou. De Geau by Langwar. De Geau benoarden Sytebuorren en dan besuden Earnewâld.

En fierder: De Alde Geau yn Smellingerlân. De Alde Geau yn Skarsterlân. De Modderige Geau yn Súdwest-Fryslân. De Nauwe Geau yn Súdwest-Fryslân De Wide Geau yn Boarnsterhim. De Geausleat by Grou.